It Ferbeane Boek
€ 14,90
Fedde sit yn groep fiif. Hy hat it dêr wol nei it sin, op ien ding nei: hy kin noch net lêze. Kin er it net of wol er it net? Hy fynt lêzen stom en boeken hielendal!
Op in dei sjocht er by syn nuvere buorman Jan in hiel âld boek lizzen. In boek mei in slot derop. As hy it besjen sil, komt buorman krekt yn ‘e keamer en seit dat er noait wer oan dat boek komme mei. Dat boek is ferbean. En krekt dat boek wol Fedde lêze. Mar wêr soe it kaike wêze?
“No’t it kaike past, wol Fedde it ek omdraaie. It giet hiel maklik. Op itselde momint slacht de doar ticht en heart er Feyza roppen. ‘Fedde! Doe die deur open!’ Se bûnzet op ’e doar.
Fedde hat allinnich each foar it boek dat út himsels iepenfalt. It boek begjint o sa te skodzjen en te triljen. Hy moat it mei beide hannen beethâlde om it net glippe te litten.
‘Fedde, zeg wat! Wat gebeurt daar allemaal?’ Mar Fedde kin gjin antwurd jaan. It is as sûcht it boek him op, as in ûnbidich grutte stofsûger. Hy wurdt der bang fan en pipet: ‘Help, Feyza, help!’”
Gerelateerde boeken
bompa en bomma pluis in ‘t Mestreechs
€ 7,95In Bompa en Bomma Pluis gaat Nijntje op visite bij opa en oma Pluis. ‘Bompa heet veur Nijn ‘ne step gemaak’ en ‘Nijn strik ‘ne werme dook veur bomma Pluis’. Bij de thee eten ze ‘boterkeukskes’.
nijntje den parke di bestia na Papiamentu
€ 7,95Nijntje, tata di rib’un dia
mi a pensa un kos
nos ta ban parke di bestia
ami ku bo, nos dos