Friestalig - Uitgeverij Noordboek | Sterck & DeVreese | HL Books | Bornmeer | Noordboek-Van Gorcum https://noordboek.nl/boeken/regionaal/friestalig/ Thu, 11 Sep 2025 02:23:37 +0000 nl-NL hourly 1 Mienskiplike dealer https://noordboek.nl/boek/mienskiplike-dealer/ Fri, 15 Aug 2025 02:10:14 +0000 https://noordboek.nl/boek/mienskiplike-dealer/ ]]> Hy rint nei ien fan de kasten dêr’t ark yn leit, lûkt him wat nei foaren en docht op gefoel in taast achter de kast. En noch in kear. En nochris… Dan krijt er syn mobyl, docht it ljochtsje oan en skynt achter de kast. Hy wurdt sa wyt as kryt…

Op it poadium fan teater it Posthuis hinget it lichem fan teatertechnikus Fokke Klingberg. As in wike nei syn kremaasje skoansuster Hanna Klingberg ferdwynt, blykt der in ferbân. Resjersjeur Annet Hillema en har team moatte mei help fan priveedetective Paul Graafsma alle seilen bysette om beide saken op te lossen. Se bedarje yn in wrâld fan drugs en ôfparsing.

Mienskiplike dealer is de twadde yn in searje plysjeromans yn en om It Hearrenfean.

]]>
Oerbleaune Rimen en Teltsjes https://noordboek.nl/boek/oerbleaune-rimen-en-teltsjes/ Tue, 01 Jul 2025 02:12:47 +0000 https://noordboek.nl/boek/oerbleaune-rimen-en-teltsjes/ ]]> De Rimen en Teltsjes hearre ta de klassiken fan de Fryske literatuer. It is it sammelwurk fan de bruorren Eeltsje, Tsjalling en Joast Halbertsma, dat mear as oardel iuw lyn foar it earst útkaam. It waard faak werprinte en ek oanfolle, mar dochs binne net alle literêre dichten en stikken fan de bruorren útjûn.
Undersyk fan Philippus Breuker nei harren teksten levere sa’n sechstich ûnbekende stikken op. It giet benammen om teksten fan Eeltsje en Tsjalling, dy’t skreaun binne tusken 1812 en 1857. Yn Oerbleaune Rimen en Teltsjes komme dy nije stikken oan it ljocht, foarsjoen fan ynliedende skôgingen en taljochtingen oan de hân fan brieven fan en oan de bruorren Halbertsma en har bern. Sa is mei dizze útjefte dan einlik it literêre wurk fan de grûnlizzers fan de Frysktalige literatuer kompleet beskikber.

Philippus Breuker (1939) publisearret oer skiednis, taal en literatuer fan Fryslân. Earder ferskynde fan syn hân Eelko Alta (1723-1798), De keunst as útwei en Fryslân yn de Gouden Iuw.

]]>
Fisk https://noordboek.nl/boek/fisk/ Wed, 15 Jan 2025 08:00:31 +0000 https://noordboek.nl/boek/fisk/
Nei harren earste projekt – Stabij, in boek oer in hûn – is Fisk it twadde boek fan byldzjend keunstner Tjibbe Hooghiemstra en skriuwer-ferteller Douwe Kootstra. Douwe libbe him út yn ’e ferhalen. Tjibbe makke der tekeningen by. De miks fan bylden en koarte teksten makket Fisk ta in hearlik lês- en sjochboek.

]]>
De bokking better besjoen, in reuzesnoek út ’e Fryske Wâlden, in fabel fol ûntefreden maitsen, in oade oan ’e dôber. It binne in pear foarbylden dy’t op lichtfuottige wize yn Fisk oan ’e oarder komme. Alles yn Fisk hat te krijen mei natuer, fisk, fiskjen, wetter en Fryslân.

Nei harren earste projekt – Stabij, in boek oer in hûn – is Fisk it twadde boek fan byldzjend keunstner Tjibbe Hooghiemstra en skriuwer-ferteller Douwe Kootstra. Douwe libbe him út yn ’e ferhalen. Tjibbe makke der tekeningen by. De miks fan bylden en koarte teksten makket Fisk ta in hearlik lês- en sjochboek.

]]>
Wei, mar net fergetten https://noordboek.nl/boek/wei-mar-net-fergetten/ Tue, 17 Dec 2024 04:15:00 +0000 https://noordboek.nl/boek/wei-mar-net-fergetten/
Cor Waringa (1944) groeide op yn Aldeboarn, studearre yn Amsterdam skiekunde en yn Kampen teology en wie dominy yn Drylts, Ljouwert en op ’e Jouwer.

]]>
Tusken 2011 en 2020 betocht Cor Waringa sneintemoarns op Omrop Fryslân it libben fan Friezen dy’t yn dy tiid weirekken. It wiene trochstrings gjin ferneamde lju, mar gewoane minsken. Mar withoefaak die bliken hoe ûngewoan oft it libben fan sokke manlju en froulju bytiden ferrûn. Yn de 139 miniatuerkes dy’t yn dit boek opnommen binne folget de skriuwer har op har wei troch it libben en krijt de lêzer tagelyk in byld foar eagen fan de maatskippij dy’t mei de tiid feroare. Foar de brijkarre kaam de supermerk yn it plak en der kaam in tiid dat in arbeidersjonge trochleare koe foar dominy of dokter. Guon giene mei har tiid mei en oaren holden fêst oan it âlde. Wêr kamen se úteinlik telâne troch har mismoedigens, har eigenwizens, har tefredenheid, har beheinings of har sucht nei aventoer? En as de ein yn sicht kaam, hoe giene se dêrmei om?

Cor Waringa (1944) groeide op yn Aldeboarn, studearre yn Amsterdam skiekunde en yn Kampen teology en wie dominy yn Drylts, Ljouwert en op ’e Jouwer.

]]>
De NEEhoarn https://noordboek.nl/boek/de-neehoarn/ Wed, 16 Oct 2024 08:06:47 +0000 https://noordboek.nl/boek/de-neehoarn/
Op in dei rint de NEEhoarn fuort út syn sûkerwattewrâld.
Hy treft in waskbear dy’t net lústerje wol, in hûn dy’t it allegearre neat skele kin, en in prinses dy’t ivich en altyd wjerwurd jout.
Dy fjouwer foarmje in knap partoer.
Want mei-inoar lekker bokkich wêze is folle leuker!

]]>
Yn it Hearlike Hertewâld wurdt in snoeperdepoeperige Ienhoarn berne. Hoewol’t elkenien lilaleaf foar him is en hy oanienwei fuorre wurdt mei swiete geloksklaver, gedraacht dat bist him bepaald net ienhoarneftich! Hy seit op alles domwei NEE, en dus wurdt er troch syn famylje al gau allinnich noch mar NEEhoarn neamd.

Op in dei rint de NEEhoarn fuort út syn sûkerwattewrâld.
Hy treft in waskbear dy’t net lústerje wol, in hûn dy’t it allegearre neat skele kin, en in prinses dy’t ivich en altyd wjerwurd jout.
Dy fjouwer foarmje in knap partoer.
Want mei-inoar lekker bokkich wêze is folle leuker!

]]>
Op it tsjerkhôf en oare brike ferhalen https://noordboek.nl/boek/op-it-tsjerkhof-en-oare-brike-ferhalen/ Fri, 12 Jul 2024 01:18:37 +0000 https://noordboek.nl/boek/op-it-tsjerkhof-en-oare-brike-ferhalen/ ]]> Op it tsjerkhôf en oare brike ferhalen is in samling fan koarte ferhalen. It binne observaasjes fan gewoane, bysûndere minsken. Faak om te laitsjen, somtiden emosjoneel, mar o sa werkenber.

Sa binne der de aventoeren fan it duo The Melody Brothers, dat yn kafees en feesttinten spile en it ferslach oer de sterilisaasje fan Wander de Groot yn ‘Kastraasje’. Mar ek de oandwaanlike ferhalen fan fjouwer leden fan húshâlding Zonderland oer ‘De skieding’ en it ferhaal fan pensionado Jehannes van der Heide dy’t as tiidferdriuw grêfstiennen skjinmakket.

Santjin ferhalen oer freonskip, leafde en ferlies, mar wol mei in flinke doasis humor. Want der mei bêst wat mear lake wurde yn de Fryske literatuer.

Freddie Scheltema (Easterein, 1960) hie yn syn tiid op de middelbere skoalle graach wat flottere Fryske boeken lêze wollen foar syn boekelist. Dêrom begûn hy sels mei skriuwen. Earder ferskynde fan syn hân de bondel It Frysk is dea en oare fleurige ferhalen.

]]>
Pake Sytse https://noordboek.nl/boek/pake-sytse/ Tue, 04 Jun 2024 01:08:05 +0000 https://noordboek.nl/boek/pake-sytse/ ]]> Pake Sytse is in klassiker yn it wurk fan Rink van der Velde (1932-2001). It is de bjusterbaarlike histoarje fan Sytse Cavelier, dy’t as jongkeardel samar ferdwûn. It ferhaal wurdt ferteld troch pakesizzer Jehannes.

‘Pake is jong weirekke, sa waard letter sein as it te praat kaam en wy ús mem of beppe fregen wêrom’t der net in pake by ús beppe wie. De rike Fryske taal stelde harren yn steat om de wierheid achter te hâlden sûnder dat men it ligen neame koe.’

Fjirtich jier letter is pake Sytse ynienen werom. Hy set him ta wenjen yn in âld wenskip yn it romme fjild fan De Deelen, tusken De Tynje en Aldeboarn. Dêr is er begûn en dêr wol er de ein besile. Dat soks hjoed de dei net mear kin, wol him mar min oan. As er foar it ferstân krijt dat er de slach ferlieze moat, docht er syn dingen.

]]>
Monuminteman https://noordboek.nl/boek/monuminteman/ Fri, 26 Apr 2024 01:14:03 +0000 https://noordboek.nl/boek/monuminteman/ Hy moat foar it regear in plan meitsje foar stânbylden fan Fryske helden en sa in passende skiednis betinke foar it nije lân.
Mar wa is it wurdich om in byld fan te meitsjen? En wêrom?

Monuminteman is it romandebút fan toanielskriuwer Bouke Oldenhof. It is in humoristyske fantasij, in spannend en in oangripend ferhaal oer identiteit en fergonklikheid yn ien.

]]>
As Fryslân fan de iene dei op de oare selsstannich wurdt, krijt de haadpersoan fan dit boek in wichtige taak. Hy wurdt de monuminteman.
Hy moat foar it regear in plan meitsje foar stânbylden fan Fryske helden en sa in passende skiednis betinke foar it nije lân.
Mar wa is it wurdich om in byld fan te meitsjen? En wêrom?

Monuminteman is it romandebút fan toanielskriuwer Bouke Oldenhof. It is in humoristyske fantasij, in spannend en in oangripend ferhaal oer identiteit en fergonklikheid yn ien.

]]>
Winterwetter https://noordboek.nl/boek/winterwetter/ Thu, 25 Jan 2024 03:44:44 +0000 https://noordboek.nl/boek/winterwetter/
Winterwetter is in fiktive roman, basearre op wiere feiten. In ferhaal oer in jonge dy’t wrakselet mei wa’t hy wêze mei en wol. Mar ek in kultuerskiednis mei in pake dy’t elk bern wol ha wol.
‘Sa foarsichtich mooglik loek ik de plakrâne fan ’e slúf iepen. It skuorrende lûd like te galmjen troch myn skûlplak. Ik doarde amper te sykheljen en hope dat it iepenmeitsjen fan de slúf net mem har oandacht lûke soe; it lêste wat ik woe wie ‘oandacht’.’

Lex Paleaux (1977) is in Haarlimske skriuwer fan Frysk komôf. Troch it skriuwen fan skripts foar ferskate tv-searjes, koarte films en teäter ûntwikkele er in orizjinele, fisuele skriuwstyl. Paleaux nimt de lêzer mei op syn reis troch it jonge libben fan de haadpersoan. Winterwetter is syn romandebút.

]]>
Oan de ein fan de tweintichste iuw groeit Lex op yn in doarp yn de Trynwâlden. In sêfte, kreative jonge yn in kristlik gesin mei in Frânske heit en in Fryske mem. In iepen jonge, dy’t knoeid wurdt yn syn gefoelichheid en syn aaklike geheimen net diele kin.

Winterwetter is in fiktive roman, basearre op wiere feiten. In ferhaal oer in jonge dy’t wrakselet mei wa’t hy wêze mei en wol. Mar ek in kultuerskiednis mei in pake dy’t elk bern wol ha wol.

‘Sa foarsichtich mooglik loek ik de plakrâne fan ’e slúf iepen. It skuorrende lûd like te galmjen troch myn skûlplak. Ik doarde amper te sykheljen en hope dat it iepenmeitsjen fan de slúf net mem har oandacht lûke soe; it lêste wat ik woe wie ‘oandacht’.’

Lex Paleaux (1977) is in Haarlimske skriuwer fan Frysk komôf. Troch it skriuwen fan skripts foar ferskate tv-searjes, koarte films en teäter ûntwikkele er in orizjinele, fisuele skriuwstyl. Paleaux nimt de lêzer mei op syn reis troch it jonge libben fan de haadpersoan. Winterwetter is syn romandebút.

]]>
De Goargels en it geheim fan ’e gletsjer https://noordboek.nl/boek/de-goargels-en-it-geheim-fan-e-gletsjer/ Tue, 22 Aug 2023 01:27:00 +0000 https://noordboek.nl/boek/de-goargels-en-it-geheim-fan-e-gletsjer/ Melle en syn famylje binne op fakânsje yn ’e Alpen.
Midden yn ’e nacht wurdt Melle syn suske Limoni yn panyk wekker. Wêr is har rêchtas? En noch wichtiger, wêr is har eigen Goargel, Belia?
Dat is it begjin fan in superspannend aventoer wêryn’t it spoar liedt nei de gletsjer, dy’t stadich begjint te ranen no’t it waarmer wurdt. Melle, Bobba en Limoni komme yn ’e kunde mei Murmeltieren, rôffûgels, Berchgoargels en Koarrepûsters. Se wurde holpen troch Katja, dy’t alles wit oer de gefaren fan ’e bergen …

In op syn minst like spannend en fantasyryk aventoer as De Goargels.
Fan komyk Jochem Myjer. Yllustrearre troch Rick de Haas, bekend fan Mees Kees én fansels De Goargels!

Jochem Myjer is ien fan de grutste en meast populêre komiken. Hy stiet foar útferkochte sealen, oan ’e nok ta fol mei jong en âld. No ek bekend as skriuwer fan De Goargels!

]]>
Hege loften https://noordboek.nl/boek/hege-loften/ Thu, 06 Jul 2023 01:10:27 +0000 https://noordboek.nl/boek/hege-loften/ De ferhalen yn Hege loften binne ôfwikseljend tragikomysk, realistysk of surrealistysk. De beskreaune wrâld is betroud en eigen, mar de haadpersoanen bedarje yn ûnbekend gebiet. Oertsjûgingen ferlieze har macht, hâldfêst falt fuort en in nije werklikheid wurdt ûntdutsen. Lykas yn har debút Fûgels yn ús skriuwt Catharina Lautenbach ferhalen mei faasje, gefoel en ûnderkuolle humor.

‘Konsintraasje yn taal en it skeppen fan in allessizzende sfear is it meast eigene oan har ferhalen. Mannich ferhaal wurdt der in moai miniatuer fan.’ – Jaap Krol yn it Friesch Dagblad
‘It giet yn har wurk oer selsstannich wurde, losli¬e, kreatyf wêze, in oare kar meitsje. (…) Se hat in hiele moaie styl fan skriuwen.’ – Martsje de Jong op Omrop Fryslân
‘Se toant har in master yn de realistyske beskriuwing fan deistige situaasjes (…) en goed troffen psychologyske typearrings. In seldsume supernova oan ús taaleigen firmamint.’ – Lomme Skokker yn ensafh

]]>
De keunst as útwei https://noordboek.nl/boek/de-keunst-as-utwei/ Thu, 01 Jun 2023 02:46:07 +0000 https://noordboek.nl/boek/de-keunst-as-utwei/ Simke hat mei har keunst in útwei út de ellinde fan har jonge jierren fûn, mar sykte en twivel oan de wearde fan dy keunst hawwe har letter it betreklike fan har stribjen fiele litten. Dochs is de Fryske literatuer net sûnder har te tinken. Mannich boek fan har hat noch altyd syn leafhawwers.

Philippus Breuker (1939) publisearret oer skiednis, taal en literatuer fan Fryslân. Earder ferskynde fan syn hân De Gouden Iuw yn Boazum en Fryslân yn de Gouden Iuw.

]]>
Wat makke dat Simke Kloosterman keas foar in bestean as skriuwster, en dan ek noch yn it Frysk? Wat feroarsake de mankelike toan, dy’t ek yn it wurk fan har heit Jan Ritskes werom te finen is? En hokker rol spile har ferloving en lettere freonskip mei Douwe Kalma? Philippus Breuker besiket yn dizze biografy har langsten en lotgefallen yn libben en wurk te ûntriedseljen.
Simke hat mei har keunst in útwei út de ellinde fan har jonge jierren fûn, mar sykte en twivel oan de wearde fan dy keunst hawwe har letter it betreklike fan har stribjen fiele litten. Dochs is de Fryske literatuer net sûnder har te tinken. Mannich boek fan har hat noch altyd syn leafhawwers.

Philippus Breuker (1939) publisearret oer skiednis, taal en literatuer fan Fryslân. Earder ferskynde fan syn hân De Gouden Iuw yn Boazum en Fryslân yn de Gouden Iuw.

]]>