Aantal boeken: 3

  • De museummoard

    Ferdinand de Jong
     19,90

    De museummoard

    Krekt as Paolo Lione fierder sil mei syn ynlieding, klinkt der in hurde gjalp troch de seal. ‘Sjoch dan! Dêr!’

    De iepening fan de tentoanstelling troch de wrâldferneamde Italjaanske keunstner Paolo Lione wurdt wreed fersteurd as der in lyk yn in bêd fan roazebledsjes yn de Prinsewyk ûnder it Hearrenfeanster museum driuwt. It blykt in slim tatakele frou te wêzen.

    Resjersjeur Annet Hillema en har partner Marcel Pronk begjinne in ûndersyk. Annet ropt de help yn fan har eks-kollega, priveedetective Paul Graafsma. Dy bedarret yn de wrâld fan de Italjaanske maffia. Neat is wat it liket, sa docht bliken.

     19,90
  • Bartele Bûse

    Berber van der Geest
     15,00

    Bartele Bûse

    Bartele Bûse is in jonkje mei in protte fantasy. Yn alles wat er sjocht, sjocht en heart er in ferhaaltsje. Thús begripe se dat net sa goed. Mar Skelte wol. Skelte is keunstskilder. Bartele komt faak by him oer de flier. De prachtichste ferhalen skildert Skelte him foar: oer kening Klomsk fan Kjeldmanië, dy’t altyd sa kâld as in kikkert is; oer de piperwynske prippunêze, dy’t elkenien mar stekke wol; oer Stookstokke Styntsje en de krintekakkers fan Knyphuzen. Mar ek fan de fiif rôvers op Fiifrôvershoek wol Bartele alles witte. Hy harket mei sân pear earen …

    Bartele Bûse is in klassiker yn de Fryske jeugdliteratuer. It is skreaun troch Berber van der Geest (1938-2019).

     15,00
  • De Nova Scotia staazje

    Ferdinand de Jong
     15,00

    De Nova Scotia staazje

    ‘Ik hie noch nea sa fier fuort west. Op reis nei Kanada foar trije moannen staazje op in buorkerij yn Nova Scotia. Oaren út myn klasse bleaunen yn Nederlân, of kamen de provinsjegrins net iens oer. Mar ik woe oer de grutte plasse.’
    Dit ferhaal beskriuwt de ûnderfiningen fan in jonge dy’t op in Kanadeeske boerepleats telâne komt dêr’t de sfear him benearet. Yn in waarme Kanadeeske simmer besiket er him yn in fijannige sfear steande te hâlden en siket er in útwei. Noch hieltyd dreamt Freark Fritsma oer de doar fan in sel yn in finzenis dy’t mei in klap efter him ticht batste.

    Dit is de fiifde roman fan Ferdinand de Jong.

     15,00