Testamint fan de siel
€ 29,90Twa jonges belibje, alhiel los fanelkoar, in ferskriklike jeugd. De iene yn it Fryske wetterlân, de oare tusken in keppel mislearre ymmigranten op de Kanadeeske prairy. As bern wurde se oan harren lot oerlitten, mar se sette troch. Beide meitsje se karriêre en fine de leafde. Wat se trochmakken en harren pleaget ferswije se. Oant se wer allinne komme te stean en yn Kanada as âlde mannen mei-elkoar yn ’e kunde komme. Se reitsje oan de praat en fertrouwe elkoar ta wat se noait kwyt woene. By tafal komme se derachter dat harren hertferskuorrende libbens ferweven binne…
Mearkes fan Grimm
€ 29,50In klassiker dy’t jong en âld al twa ieuwen lang oansprekt is no einliks ek yn it Frysk foarhannen. De mearkes fan de buorren Grimm hearre ta de moaiste en bekendste ferhalen fan de wrâld. Foar it earst is der sa’n grutte samling fan har mearkes oerset yn it Frysk: fyftich ferhalen. No kinne bern en folwoeksenen mar (foar)lêze fan Sniewytsje, Readkapke of Toarnroaske. Dêrby falt der foar jong en âld gâns te ûntdekken yn de prachtige, artistike yllustraasjes dy’t nij makke binne foar dit Fryske mearkeboek.
De oersettings binne fan Anne Tjerk Popkema, dy’t yn 2012 de Obe Postmapriis foar Fryske oersettings wûn. De yllustraasjes by de ferhalen binne fan Peter Boersma & Hilda Groenesteyn.It wrede paradys It ferfolch
€ 27,50Utwreide werprintinge fan de bestseller It wrede paradys: 150 siden nij wurk: 34 tajeften by de âlde ferhalen, in hânfol nije libbensskiednissen, 32 fotosiden mei bylden fan de fertellers, en skôgingen fan prof. Henry Baron, prof. Douwe Draaisma en dr. Jan Dirk Wassenaar