Stabij
€ 17,90Tjibbe Hooghiemstra (byldzjend keunstner) en Douwe Kootstra (skriuwer en ferteller) ha in soad niget oan stabijen. Tjibbe hat al jierren sokke hûnen. Dy ynspirearren him ta in grutte seary tekeningen.
Los fan Tjibbe syn ferbyldingen skreau Douwe ferhalen dy’t ien oerienkomst ha: in stabij spilet de haadrol. De miks fan byld en tekst makket Stabij ta in bysûnder boek. Gjin hûneboek yn de klassike sin mar in oade oan de minske yn it bist.
Buorkje yn Fryslân
€ 19,90Dat de wrâld hieltyd feroaret is gjin nijs. Hoe hurd dy feroarings gean, wurdt dúdlik, as men de muoite nimt om achterom te sjen. Ek yn e lânbou hat in revolúsje plakfûn. It rêstige boerelibben mei syn fêste gewoanten en tradysjes is nei de Twadde Wrâldoarloch omraak feroare.
Dit boek oer de lânbou yn de tweintichste ieu is gjin wittenskiplik wurk, mar it ferhaal fan immen dy t in grut part fan dy ieu buorke hat en bestjoersfunksjes hie yn ferskate boere-organisaasjes.