Aantal boeken: 4

  • Winterwetter

    Lex Paleaux
     19,90

    Winterwetter

    Oan de ein fan de tweintichste iuw groeit Lex op yn in doarp yn de Trynwâlden. In sêfte, kreative jonge yn in kristlik gesin mei in Frânske heit en in Fryske mem. In iepen jonge, dy’t knoeid wurdt yn syn gefoelichheid en syn aaklike geheimen net diele kin.

    Winterwetter is in fiktive roman, basearre op wiere feiten. In ferhaal oer in jonge dy’t wrakselet mei wa’t hy wêze mei en wol. Mar ek in kultuerskiednis mei in pake dy’t elk bern wol ha wol.
    ‘Sa foarsichtich mooglik loek ik de plakrâne fan ’e slúf iepen. It skuorrende lûd like te galmjen troch myn skûlplak. Ik doarde amper te sykheljen en hope dat it iepenmeitsjen fan de slúf net mem har oandacht lûke soe; it lêste wat ik woe wie ‘oandacht’.’

    Lex Paleaux (1977) is in Haarlimske skriuwer fan Frysk komôf. Troch it skriuwen fan skripts foar ferskate tv-searjes, koarte films en teäter ûntwikkele er in orizjinele, fisuele skriuwstyl. Paleaux nimt de lêzer mei op syn reis troch it jonge libben fan de haadpersoan. Winterwetter is syn romandebút.

     19,90
  • Stabij

    Douwe Kootstra, Tjibbe Hooghiemstra
     17,90

    Stabij

    Tjibbe Hooghiemstra (beeldend kunstenaar) en Douwe Kootstra (schrijver en verteller) zijn gek op stabijs. Tjibbe heeft al jaren zulke honden. Die inspireerden hem tot een uitgebreide serie tekeningen.

    Los van de verbeeldingen van Tjibbe schreef Douwe verhalen die één overeenkomst hebben: een stabij speelt de hoofdrol. De mix van beeld en tekst maakt Stabij tot een bijzonder boek. Geen hondenboek in de klassieke zin maar een ode aan de mens in de hond.

     17,90
  • Stabij

    Fryske ferzje
    Douwe Kootstra, Tjibbe Hooghiemstra
     17,90

    Stabij

    Tjibbe Hooghiemstra (byldzjend keunstner) en Douwe Kootstra (skriuwer en ferteller) ha in soad niget oan stabijen. Tjibbe hat al jierren sokke hûnen. Dy ynspirearren him ta in grutte seary tekeningen.

    Los fan Tjibbe syn ferbyldingen skreau Douwe ferhalen dy’t ien oerienkomst ha: in stabij spilet de haadrol. De miks fan byld en tekst makket Stabij ta in bysûnder boek. Gjin hûneboek yn de klassike sin mar in oade oan de minske yn it bist.

     17,90
  • Op ús eigen wize

    Sân ferhalen út it boek Hannelingen oer taal en kultuer
    Hinne Wagenaar
     22,50

    Op ús eigen wize

    Minderheidstalen en -kultueren moatte it faak ôflizze tsjin de oerhearsking fan dominante kultueren. By de fersprieding fan it kristendom wie meast gjin omtinken foar lytse talen, kultueren en folken, foaral net yn de perioade fan it Westerske kolonialisme. Yn de lêste 50 jier hawwe Afrikaanske kristenen heftich protestearre tsjin de antropologyske earmoed dy’t dat harren oplevere hat.
    Sy ûntdutsen yn it bibelboek Hannelingen fan de Apostels in folslein oare missionêre hâlding. Troch de analyze fan sân ferhalen besiket Hinne Wagenaar dy missionêre hâlding fierder op it spoar te kommen. Sa komt hy ta in teologyske basis foar tsjerke en spiritualiteit op in eigen wize. Net allinne foar Afrikaanske teology, mar likegoed om de kontoeren te jaan fan in Fryske teology.

    ds. Hinne Wagenaar (Nijemardum, 1962) hat studearre yn Grins en New York. Hy wie dûmny foar bûtenlânske studinten yn Nederlân (1990-1997), dosint systematyske teology yn Kumba, Kamerûn (1998-2002), dosint missiology yn Grins (2002-2005) en dûmny fan de Protestantske Gemeente te Wurdum en omkriten (2002-2012). Sûnt 2012 is hy as pionier-predikant ferbûn oan it pioniersplak Nijkleaster en de gemeente Westerwert te Jorwert.

     22,50