Testamint fan de siel
€ 29,90Twa jonges belibje, alhiel los fanelkoar, in ferskriklike jeugd. De iene yn it Fryske wetterlân, de oare tusken in keppel mislearre ymmigranten op de Kanadeeske prairy. As bern wurde se oan harren lot oerlitten, mar se sette troch. Beide meitsje se karriêre en fine de leafde. Wat se trochmakken en harren pleaget ferswije se. Oant se wer allinne komme te stean en yn Kanada as âlde mannen mei-elkoar yn ’e kunde komme. Se reitsje oan de praat en fertrouwe elkoar ta wat se noait kwyt woene. By tafal komme se derachter dat harren hertferskuorrende libbens ferweven binne…
Zolang de boom bloeit
€ 15,00De Friese literatuur is uitdrukking van de eigenheid van Fryslân. Door de eeuwen heen hebben Friese schrijvers en dichters in hun eigen taal geschreven: over zichzelf, over hun taal en over hun land. De Friese literatuur kent vele onverwachte schatten die de moeite van het ontdekken waard zijn. Zolang de boom bloeit is daarvoor een mooi startpunt. In zeven hoofdstukken behandelt literatuurwetenschapper Joke Corporaal de belangrijkste ontwikkelingen en kenmerken van de Friese literatuur. Korte ‘venster’-teksten lichten deze geschiedenis vervolgens toe met sprekende voorbeelden over hoogte- en ook dieptepunten.
Salang’t de beam bloeit
€ 15,00De Fryske literatuer is útdrukking fan de eigenheid fan Fryslân. Troch de iuwen hinne hawwe Fryske skriuwers en dichters yn har eigen taal skreaun: oer harsels, oer har taal en oer har lân. De Fryske literatuer herberget in protte ûnferwachte skatten dy’t de muoite fan it ûntdekken wurdich binne. Salang’t de beam bloeit is dêr in moaie opstap foar. Yn sân haadstikken behannelet literatuerwittenskipper Joke Corporaal de wichtichste ûntjouwingen en skaaimerken fan de Fryske literatuer. Koarte finsterteksten ljochtsje dêrnei de skiednis ta mei sprekkende foarbylden oer hichte- en ek djiptepunten.
It wrede paradys It ferfolch
€ 27,50Utwreide werprintinge fan de bestseller It wrede paradys: 150 siden nij wurk: 34 tajeften by de âlde ferhalen, in hânfol nije libbensskiednissen, 32 fotosiden mei bylden fan de fertellers, en skôgingen fan prof. Henry Baron, prof. Douwe Draaisma en dr. Jan Dirk Wassenaar