Ferdinand de Jong: Toan ambysje!

Ferline wike ferskynde myn njoggende roman, tiid foar in presintaasje. Dit, omdat ik fyn dat in nij boek noch altyd reden is foar in feestje. Hielendal as der in útjouwer anno 2025 noch sa moedich is om in oarspronklik yn it Frysk skreaun stikje fiktyf proaza yn in omkaft te slaan. Dat tsjûget fan in oantal dingen, fertrouwen en miskien ek ambysje?

Wy wurde algeduerigen om de earen slein mei ambysjes. Ik sil jim in pear foarbylden fan dizze grif goed bedoelde loftspegelingen jaan.

As wy it ynearsten oer de amtlike boech goaie komme der de bekende rideltsjes boppedriuwen. Dit binne de hjoeddeistige stekwurden: bestjoerlike kwaliteit, ynterbestjoerlike gearwurking, klimaat, wetter, grien, lânskip, biodiversiteit, mobiliteit, berikberens, enerzjy, transysje, sirkulêre ekonomy en ynnovaasje.

De measte wurden yn boppesteand oersjoch binne iepen doarren. Elts himsels respektearjend bestjoer soe him dêr oer bekroadzje moatte. Eins net folle nijs ûnder de sinne.

Dan komme wy by de wat mear filosofyske ambysjes. Foar guon ek wol bekend as it geitewollensokken-oersjoch.

‘Wat wolle wy?’

‘Wêr moatte wy hinne?’

‘Hoe moat Fryslân der yn 2050 út sjen?’

As je yn it oantal liters kofje rekkenje dêr’t beide blokjes ambysje mei ta stân komme, soe de takomst fan Douwe Egberts net in tel yn gefaar wêze. Ik sil myn argewaasjes ditoangeande net iepenbier meitsje, want ik mei my mar fiif minuten deis ergerje fan myn frou. Dat helje ik tsjinwurdich maklik en dat is gjin goed nijs.

Mar eh… Misse jim ek wat? Ja, krekt. Kultuer, mar dan wat spesifiker. Even sjen wat der op de ynterwebs oer dat protsje ambysje stiet:

 

Cultuur & identiteit

Beschermen en promoten van de Friese taal en cultuur.

Investeren in erfgoed, musea en culturele evenementen.

Fryslân internationaal op de kaart zetten via cultuur en sport

Litte wy ris begjinne mei de lêste rigel:

It skûtsjesilen wurdt online wrâldwiid mei triennen yn de eagen besjoen troch Friezen om utens dy’t eins op bleate knibbels wol werom wolle soenen. Dus dat is wol slagge. Fierljeppe sjogge minsken bûten Winsum, Burgum en It Heidenskip allinnich nei op Dumpert en keatsen sil op de PC nei nea grut wurde. Dat is ek net nedich, it binne Fryske sporten, hielendal prima. Mar om dat ynternasjonaal op de kaart te krijen? Hoe dan? In geitewollen sok fol weismiten jild. Ynternasjonaal (lês: boppe de evener) is Fryslân mar om ien ding echt bekend as it om sport en kultuer giet: iisstadion Thialf op It Hearrenfean. En dat is ek allinnich mar foar de leafhawwers fan reedriden, dus soks moatte jo ek net oerskatte.

Dan de middelste rigel:

Ynvestearje yn erfguod wylst de agraryske sektor stelselmjittich nei gychem holpen wurdt omdat wy (fierstente folle) hûzen bouwe wolle, twa kear yn it jier mei it fleantúch fakânsje fiere moatte, wolven as moardwapen tsjin skiep ynsette litte troch de griene tsjerke, in flugge treinferbining hast as hielendal sûnder Fryske halten (hat de sjoernalistyk him dat wolris ôffrege?) troch ús lânskip winskje en wy dêrom it echte Fryske Erfguod, ús romte, útruilje tsjin rânestêdlike tinkbylden, is dat in goede gearfetting?

Bliuwt oer, de boppeste rigel:

Beskermje en promoatsje fan de Fryske taal. Myn nije roman is mei ta stân kaam troch jild fan de provinsje. Dus dêr gjin opmerkings oer. Wol oer promoatsje. Dêr soe wolris wat mear ambysje by om de hoeke komme meie. En dan net mei it safolste byld op de Gouden Hoep of wit ik folle mei hokker betocht festival dêr’t je gjin wurd Frysk hearre mar dat wol in dikke graai út de pot mei jild docht.

Toan in kear ambysje. Sjoch nei de lannen om jim hinne. Oeral litte se harren identiteit sjen troch spannende searjes yn de eigen taal te meitsjen. Wales, Denemarken, Sweden, Finlân, Nij-Seelân, oeral. Mar net hjir, omdat wy ús yn it foar al deljouwe om reden dat wy út de Rânestêd en it Hilversumse net ferwachtsje dat se oanslaan sille op in Frysktalich skript.

Doch it dan sels! De kontint is der wol, it akteartalint dat de tiidwurden noch goed seit ek, as je in kear bûten de fluorre paden sykje. Neffens de berjochten buorket de provinsje sa goed dat der jild is foar in oantalikoanyske projekten. Meitsje ris in oare kar as de 27e film oer it Waad.

Toan ambysje!

 

Alle moannen skriuwt ien fan ús auteurs in kollum oer it boek dat hja resint – of minder resint – skreaun hawwe. De kollums jouwe in foarpriuwke op it boek of fertelle in ekstra ferhaal dat it boek net helle hat.