Akkie yn ‘e winter
€ 7,90
Op in wintermoarn wurdt Akkie wekker en sjocht se dat de wrâld bedobbe is ûnder in flink pak snie! Dêr wol Akkie fansels neat fan misse en se giet sa gau mooglik nei bûten. Akkie wol mei de slide fan de heuvel ôf, mar oft dat no wol sa’n goed idee is…
Debbie van Elden is fan jongs ôf drok dwaande mei taal, en dat komt dúdlik ta utering yn de troch har skreaune gedichten en ferhalen.
Els van Elden is biblioteekmeiwurkster yn it noarden fan ’e provinsje. Sy seach dat it oanbod fan Fryske boeken einlings mar frij beheind is, dat sy wie fuortendaliks wakker entûsjast doe’t har dochter foarstelde om tegearre in berneboek te meitsjen. Sa waard Akkie berne, in nijsgjirrich famke dat graach op aventoer giet op it Fryske plattelân.
Akkie yn ’e winter is it twadde berneboek oer Akkie. Ferline jier ferskynde Akkie op ’e pleats.
Gerelateerde boeken
-
-
-
nijntje den parke di bestia na Papiamentu
Nijntje, tata di rib’un dia
mi a pensa un kos
nos ta ban parke di bestia
ami ku bo, nos dos
-
It Himelbouwerke
Hasto wolris besocht de stjerren oan te reitsjen? Eise Eisinga besocht dat ek, lang, lang lyn. En witst wat? Hy krige se te pakken! Lês mar gau hoe’t hy dat die.