De Fryske Utopy
€ 15,00
Hoe sjocht Fryslân yn 2030 derút? Hoe moat dit hoekje wrâld idealiter derút sjen? Alve minsken mei in dúdlike (utopyske) fyzje, sprekke har dêroer út yn dizze bondel. Dy bydragen geane oer allegear tema’s, fan it Fryske erfgoed oant Fryslân frij fan gif.
Wat harren bynt is belutsenens by minsken, by it lânskip, by it wurk. Wat harren ek bynt is langstme. Net romantysk of sentimenteel, mar in realistysk langstme. De bydragen leverje in konkrete wurklist op foar it goede libben yn Fryslân. En wat foar Fryslân jildt, jildt eins foar de hiele wrâld.
Gerelateerde boeken
-
Frysk Bakboek
It Frysk Bakboek sammelet de swiete resepten út de bakkerstradysje dy’t Fryslân ryk is. Oranjekoeke, sûkerbôle en dúmkes binne uteraard opnommen, mar ek heamiel, trommelkoeke, fanyljestaafkes, reepkoeke en alderhande oare bekend en ûnbekend gebak komt oan bod. Op syn Frysk rjucht en sljucht beskreaun, sûnder kâlde drokte, sadatst it thús goed meitsje kinst en in stikje Fryslân út dyn keuken toverest.
De susters Henny en Betty Feenstra wurken allebeide jierrenlang by bakkers op ’e Lemmer. Neist harren deistich wurk, Henny as dosint en Betty as direkteur, bleaune se bakken foar harren húshâlding, famylje en freonen. -
-