De Fryske Utopy
€ 15,00
Hoe sjocht Fryslân yn 2030 der út? Hoe moat dit hoekje wrâld idealiter der út sjen?
Alve minsken mei dúdlike (utopyske) fyzje, sprekke har dêroer út yn dizze bondel. Dy bydragen geane oer allegear thema’s, fan it Frysk erfguod oant Fryslân frij fan gif.
Wat harren bynt is belutsenens by minsken, by it lânskip, by it wurk. Wat harren ek bynt is langstme. Net romantysk of sentiminteel, mar in realistysk langstme. De bydragen leverje in konkrete wurklist op foar it goede libben yn Fryslân. En wat foar Fryslân jildt, jildt eins ek foar de hiele wrâld.
Gerelateerde boeken
-
De jonge Piter Jelles
€ 15,00Piter Jelles Troelstra wie liberaal fan hûs út. Yn dit boek wurdt oanjûn hoe’t er him losmakke fan it liberalisme fan syn tiid. Hoe’t syn fyzje op it Frysk feroare doe’t er him op de arbeiderssaak rjochte. Hy naam ôfskie fan de ‘Fryske sin’ sa’t de liberalen dy omearmjen. Foar him wie de striid foar it Frysk in politike oangelegenheid. En de striid fan de sosjaal-demokrasy in striid om realisaasje fan demokrasy en foar kwaliteit fan de arbeid. Yn syn polityk testament (1924) omskriuwt er dat sa: De eigenlijke strijd […] is de strijd over de vraag: zal de Staat het grootkapitaal beheersen, of zal het grootkapitaal de Staat beheersen?
Bertus Mulder (It Hearrenfean, 1949) stdudearre arbeidssosjology, wie dosint sosjale skiednis en promovearre yn 1991 oan de Ryksuniversiteit Groningen
by Lolle Nauta op it proefskrift Andries Sternheim, een Nederlandse vakbondsman in de Frankfurter Schule. -
Covidwiksel
€ 17,90Covid kin in oar minske fan ien meitsje. It oerkomt Jan de Vries (06-06-1952, Dinnestrjitte 53b, Ljouwert) as er op deselde dei yn Medysk Sintrum Ljouwert opnommen wurdt as Jan de Vries (06-06-1952, Ingelskestrjitte 28, Ljouwert). Fiif wike letter, as de dokters him better ferklearje en mei in taksy nei hûs stjoere, stapt er in oar libben yn.
Men hearde wolris oer lytse poppen dy’t op de kreamôfdieling fan in sikehûs ferwiksele waarden en mei de ferkearde heit en mem nei hûs stjoerd waarden. Dat der soms ek âlde mantsjes – ûnder dy kategory foel er sa njonkelytsen – ferwiksele en nei in ferkeard hûs stjoerd waarden, wie nij foar him. -




