Nachtskriuwer
Hannah is restaurateur yn it Ryksmuseum. By tafal komt se yn oanrekking mei it wurk fan in blyn wurden Fryske dichter. Lykas Blynman is se grutwurden op it lân en by de bisten en yn syn poëzij fynt se har eigen bernetiid werom. As restaurateur fielt se har sterk besibbe mei syn manier fan wurkjen. Dêr’t sy lagen troebel fernis fan skilderijen ôfhellet om de details en kleuren dêrûnder wer foar it ljocht te heljen, graaft Blynman troch desennia fan tsjusternis hinne, werom nei de bylden fan syn bernetiid, doe’t er noch wol sjen koe. Se beslút om him achternei te reizgjen nei it Waadeilân dêr’t er alle simmers kampearret. Yn yntime petearen ûndersykje se de wurking fan it ûnthâld en de ferbylding. Mar foaral leart Blynman har wer de sintugen te brûken, op it eilân fan helmgers en fûgels, en by it swimmen yn ’e see.
Jannie Regnerus (1971) is skriuwer en byldzjend keunstner.
Gerelateerde boeken
-
Fersen foar Fokje
€ 12,50Yn de simmer fan 1881 krige de jonge Piter Jelles Troelstra ferkearing mei de boeredochter Fokje Frânses Pasma fan Westermar. Doe’t hy studint waard yn Grins, moast dit oer wêze neffens de famylje Troelstra.
Yn njoggentjin fersen fan Piter Jelles fynt men dêrfan de delslach. De fersen foar Fokje beskriuwe syn jongfeinte lok en lijen. ‘De leafde foel as simmerrein m’yn ’t hert,’ skriuwt er. De opgong, de twifel, de hope op better as de ferkearing in jier tusken heakjes set wurdt, de ferstille wanhoop en mankelikens komme allegear werom yn dizze syklus.
Bertus Mulder ( It Hearrenfean, 1949) studearre arbeidssosjology, wie dosint sosjale skiednis en promovearre yn 1991 oan de Ryksuniversiteit Grins. Hy is auteur fan de boeken De jonge Piter Jelles, Jaap Nieuwenhuize Onstuimig en onvervaard en de Nazi’s te slim af zijn.
-
Testamint fan de siel
€ 29,90Twa jonges belibje, alhiel los fanelkoar, in ferskriklike jeugd. De iene yn it Fryske wetterlân, de oare tusken in keppel mislearre ymmigranten op de Kanadeeske prairy. As bern wurde se oan harren lot oerlitten, mar se sette troch. Beide meitsje se karriêre en fine de leafde. Wat se trochmakken en harren pleaget ferswije se. Oant se wer allinne komme te stean en yn Kanada as âlde mannen mei-elkoar yn ’e kunde komme. Se reitsje oan de praat en fertrouwe elkoar ta wat se noait kwyt woene. By tafal komme se derachter dat harren hertferskuorrende libbens ferweven binne…
-
-
Fûgels yn ús
€ 14,90De ferhalen yn dizze bondel binne licht absurdistysk fan toan en koart en krêftich. Mei emoasje en gefoel foar taal nimt Catharina Lautenbach de lêzer mei yn humoristyske situaasjes, famyljekonflikten en geheimen. Ferskate personaazjes passearje yn fûgelflecht de revu en sjogge har steld foar fragen en problemen dy’t yntrigearje. Faak komt in ûnferwachte ûntjouwing ta stân.
Catharina Lautenbach is berne yn Drachten (1964). Fûgels yn ús is har literêre debút.




