Biografie:
Catharina Lautenbach is berne yn Drachten (1964), mar wennet al sa’n fjirtich jier bûten Fryslân. De ferhalen yn har literêre debút Fûgels yn ús en twadde bondel Hege loften binne koart, krêftich en licht absurdistysk fan toan. Lautenbach nimt de lêzer mei yn humoristyske situaasjes, famyljekonflikten en geheimen. Faak krijt it ferhaal in ûnferwachte draai.