Beppe Xenia
€ 19,90
Xenia is grutbrocht yn de Drava-delte fan Slovenië. Dêr treft se Freek Wassenaar, in boeresoan út It Bilt. Freek en Xenia wurde fereale en sette har nei wenjen yn Fryslân.
Se trouwe yn 1933, it jier dat Hitler oan de macht komt yn Dútslân. Yn it begjin fan de Twadde Wrâldoarloch rint Xenia in âlde leafde tsjin it liif. Dietrich Kleeblatt wurket yn Nederlân foar de SD. De moeting mei Dietrich sil it libben fan Xenia en Freek bot yn ûnstjoer bringe.
Hein Jaap Hilarides publisearre earder De trekker fan Troje, diel 3 fan in romansyklus oer de Biltske Wassenaars. Dit boek, Beppe Xenia, is diel 2 fan dy syklus. Diel 1 sil noch skreaun wurde.
Gerelateerde boeken
-
-
Beafeart
In Fryske sjoernalist ûndernimt in beafeart nei Saint-Martin. Yn de oarlochsjierren hat er, as finzene fan de Dútskers, yn it konsintraasjekamp fan Troyes sitten. Mei help fan de Maquis, de Frânske ûndergrûnske, koe er flechtsje. Heal as ûnderdûker, heal as partisaan hat er de lêste moannen foar de befrijing tahâlden op it lytse boerespultsje Ferme la Vacherie op it Frânske plattelân.
Dêr hat er kunde krigen oan Krysta, de jongfaam dêr’t er mear fan hâlden hat as fan de Fryske frou dêr’t er letter mei troud is. Mar it is net allinne om Krysta – yntusken ek al lang troud – nochris wer te moetsjen dat er krapoan tweintich jier letter syn beafeart oangiet. It is foaral ek om ferantwurding ôf te lizzen oer neambere en ûnneambere skuld dêr’t er sûnt dy tiid altyd mei ompakt hat.
Beafeart nei Saint-Martin is in werútjefte fan de tredde Fryske roman fan Rink van der Velde (1932-2001).
-