De Jorwerter dweilstikken
€ 15,00
De Jorwerter Dweilstikken befettet in seleksje fan de humoristyske, ûntroerende en soms sterke ferhalen dy’t mei fjoer ferteld wurde – kear op kear – oan de stamtafel fan it kafee yn Jorwert. In earbetoan oan it doarp mei syn kleurrike ynwenners: ambachtslju, boeren, middenstanners, dûmnys en notarissen.
Douwe Klaas de Bildt (1952, Boalsert)tekene fan 2007 ôf dy kroechferhalen op ûnder de titel ‘Dweilstikken’ foar de Jorwerter doarpskrante De Hiele Toer.
Geert Mak yn syn Nawoord: ‘Douwe de Bildt heeft met zijn ‘Dweilstikken’ iets heel bijzonders gedaan.’
Gerelateerde boeken
-
-
Fûgels yn ús
€ 14,90De ferhalen yn dizze bondel binne licht absurdistysk fan toan en koart en krêftich. Mei emoasje en gefoel foar taal nimt Catharina Lautenbach de lêzer mei yn humoristyske situaasjes, famyljekonflikten en geheimen. Ferskate personaazjes passearje yn fûgelflecht de revu en sjogge har steld foar fragen en problemen dy’t yntrigearje. Faak komt in ûnferwachte ûntjouwing ta stân.
Catharina Lautenbach is berne yn Drachten (1964). Fûgels yn ús is har literêre debút.
-
-
Fisk
€ 17,90De bokking better besjoen, in reuzesnoek út ’e Fryske Wâlden, in fabel fol ûntefreden maitsen, in oade oan ’e dôber. It binne in pear foarbylden dy’t op lichtfuottige wize yn Fisk oan ’e oarder komme. Alles yn Fisk hat te krijen mei natuer, fisk, fiskjen, wetter en Fryslân.
Nei harren earste projekt – Stabij, in boek oer in hûn – is Fisk it twadde boek fan byldzjend keunstner Tjibbe Hooghiemstra en skriuwer-ferteller Douwe Kootstra. Douwe libbe him út yn ’e ferhalen. Tjibbe makke der tekeningen by. De miks fan bylden en koarte teksten makket Fisk ta in hearlik lês- en sjochboek.




