De midden en de beide einen

Steven Sterk

 20,00

    Dit boek is niet via onze winkelmand te bestellen. U kunt het bestellen door hieronder uw gegevens in te vullen. Wij nemen contact met u op!

    Yn fyftjin ferhalen sjocht Steven Sterk mei relativearjende humor werom op syn libbenspaad. De autobiografyske ferhalen hawwe in universele kearn. Wat leart in minske fan it libben? Wat docht men mei freugde en fertriet? “Ik bin net gelykmjittich,” seit de skriuwer. Hy tikket de aspekten fan syn libben oan mei hertstocht yn bytiden aventoerlike ferhalen.

    Steven Sterk tekenet ek in byld fan syn tiid. It plattelânsjonkje dat opgroeide sûnder tillevyzje, de jonge dy’t opgroeide yn en mei it idealisme fan de jierren tachtich en dêrnei in paad socht yn ekonomysk op- en delgeande tiden en ta syn eigen ferwûndering súkses boekte yn saken.

    De skriuwer leaut net yn it paradys; dêrom hat er syn eigen wrâld sa ynrjochte dat der himelske klanken yn galmje, al stige der soms ek helske dampen út op.

    Gerelateerde boeken

    • Der dy namma fan heten is

      Der dy namma fan heten is

      It komôf fan plaknammen
      Pieter Duijff
       22,50

      Der dy namma fan heten is

      Yn Fryslân tilt it op fan doarpen, en der binne ek noch alve stêden. Efter de namme fan elk fan dy delsettingen sit in ferhaal. Wêrom hawwe de minsken harren wenplak neamd sa’t it hyt? Hoe kamen de minsken op de plaknamme ‘Wyldinghen’ en wat is de doarpsnamme no? In hiel soad plaknammen binne foar it earst oerlevere yn it twadde part fan de midsiuwen, mar der is net by skreaun wat de eftergrûn fan dy nammen is. Mei kennis fan it Frysk en oare talen kin fan gâns fan dy nammen dochs hiel wat fan it komôf sein wurde. Yn dit boek wurde yn goed fjouwerhûndert koarte haadstikjes de nammen fan alle offisjele Fryske delsettingen beskreaun.

      Pieter Duijff is al mear as trije desennia oan de Fryske Akademy ferbûn. Hy hat dêr al dy tiid warber west op it mêd fan Fryske wurdboeken en wurdlisten. Boppedat hat er bygelyks skreaun oer taalfariaasje yn Fryslân, yn it bysûnder oer it Stedfrysk.

       22,50
    • De keunst as útwei

      De keunst as útwei

      Biografy fan Simke Kloosterman (1876-1938)
      Philippus Breuker
       27,90

      De keunst as útwei

      Wat makke dat Simke Kloosterman keas foar in bestean as skriuwster, en dan ek noch yn it Frysk? Wat feroarsake de mankelike toan, dy’t ek yn it wurk fan har heit Jan Ritskes werom te finen is? En hokker rol spile har ferloving en lettere freonskip mei Douwe Kalma? Philippus Breuker besiket yn dizze biografy har langsten en lotgefallen yn libben en wurk te ûntriedseljen.
      Simke hat mei har keunst in útwei út de ellinde fan har jonge jierren fûn, mar sykte en twivel oan de wearde fan dy keunst hawwe har letter it betreklike fan har stribjen fiele litten. Dochs is de Fryske literatuer net sûnder har te tinken. Mannich boek fan har hat noch altyd syn leafhawwers.

      Philippus Breuker (1939) publisearret oer skiednis, taal en literatuer fan Fryslân. Earder ferskynde fan syn hân De Gouden Iuw yn Boazum en Fryslân yn de Gouden Iuw.

       27,90