De toekomst is er al
€ 17,90
Hoe gaat het met Fryslân? Is er wel of geen krimp, bestaat die Friese paradox eigenlijk wel en is de mienskip opener aan het worden? Hoe treden de Friezen de toekomst tegemoet en durven zij keuzes te maken voor een houdbare toekomst?
Als directeur van het Fries Sociaal Planbureau (FSP) geeft Ingrid van de Vegte diep inzicht in de sociaal economische ontwikkelingen in Fryslân. Met de scherpe blik van een buitenstaander (maar inmiddels bijzonder verknocht aan Fryslân) beschouwt Ingrid van de Vegte de grote veranderingen die de afgelopen jaren hebben plaatsgevonden. ‘De toekomst is er al’, stelt Van de Vegte ‘en we kunnen die maar beter zelf vormgeven. Daarvoor zijn kansen genoeg.’
Gerelateerde boeken
-
Op ús eigen wize
€ 22,50Minderheidstalen en -kultueren moatte it faak ôflizze tsjin de oerhearsking fan dominante kultueren. By de fersprieding fan it kristendom wie meast gjin omtinken foar lytse talen, kultueren en folken, foaral net yn de perioade fan it Westerske kolonialisme. Yn de lêste 50 jier hawwe Afrikaanske kristenen heftich protestearre tsjin de antropologyske earmoed dy’t dat harren oplevere hat.
Sy ûntdutsen yn it bibelboek Hannelingen fan de Apostels in folslein oare missionêre hâlding. Troch de analyze fan sân ferhalen besiket Hinne Wagenaar dy missionêre hâlding fierder op it spoar te kommen. Sa komt hy ta in teologyske basis foar tsjerke en spiritualiteit op in eigen wize. Net allinne foar Afrikaanske teology, mar likegoed om de kontoeren te jaan fan in Fryske teology.ds. Hinne Wagenaar (Nijemardum, 1962) hat studearre yn Grins en New York. Hy wie dûmny foar bûtenlânske studinten yn Nederlân (1990-1997), dosint systematyske teology yn Kumba, Kamerûn (1998-2002), dosint missiology yn Grins (2002-2005) en dûmny fan de Protestantske Gemeente te Wurdum en omkriten (2002-2012). Sûnt 2012 is hy as pionier-predikant ferbûn oan it pioniersplak Nijkleaster en de gemeente Westerwert te Jorwert.
-
Doarp oan see
€ 24,90Doarp oan see beskriuwt it deistich libben yn Makkum en syn soms nuveraardige ynwenners, yn de tiid foar’t de Sudersee de Iselmar waard.
Dizze skitterjende nije edysje fan Doarp oan see is basearre op de roman fan Hein F. Faber dy’t yn 1960 foar it earst ferskynde. Mei trochdat Hein Faber sa’n byldzjend skriuwer wie kaam syn omkesizzer Frâns Faber op it idee om in byldferhaal te meitsjen fan Doarp oan see. Syn krêftige tekeningen ferbyldzje de ynhâld fan it boek op in prachtige manier, en bringe Wichert Humalda, Sibe de Seeman, âlde Eling en alle oaren ta libben. -
Buorkje yn Fryslân
€ 19,90Dat de wrâld hieltyd feroaret is gjin nijs. Hoe hurd dy feroarings gean, wurdt dúdlik, as men de muoite nimt om achterom te sjen. Ek yn e lânbou hat in revolúsje plakfûn. It rêstige boerelibben mei syn fêste gewoanten en tradysjes is nei de Twadde Wrâldoarloch omraak feroare.
Dit boek oer de lânbou yn de tweintichste ieu is gjin wittenskiplik wurk, mar it ferhaal fan immen dy t in grut part fan dy ieu buorke hat en bestjoersfunksjes hie yn ferskate boere-organisaasjes. -
Oranjekoek
€ 39,90Zoveel Friese bakkers, zoveel oranjekoeken. Een Fries feest is niet compleet zonder oranjekoek. Het zoete banket kent een lange historie en is uitgegroeid tot een feestelijk symbool. Maar zoals ‘dé Fries’ niet bestaat, heeft ook dé oranjekoek vele verschijningsvormen. In een tot fotostudio
omgebouwd busje is beeldend kunstenaar Tryntsje Nauta op bezoek geweest bij alle drieënnegentig Friese bakkers om hun oranjekoek te documenteren.Safolle bakkers, safolle oranjekoeken. In Frysk feest is net kompleet sûnder oranjekoeke. It swiete banket hat in lange histoarje en is útgroeid ta in feestlik symboal. Mar sa as ‘dè Fries’ net bestiet, hat ek dè oranjekoeke in soad ferskiningsfoarmen. Yn in ta fotostudio omboud buske gie keunstner Tryntsje Nauta op besite by alle trijeennjoggentich bakkers om harren oranjekoeke te fotografearjen.
There are as many oranjekoeken as there are bakeries. A Frisian party is not complete without oranjekoek. This sweet pastry has a long history and has gradually developed into a festive Frisian icon. But just as there is no stereotypical Frisian, likewise oranjekoek comes in many forms. In a minibus converted into a photographic studio photographer Tryntsje Nauta visited all the ninety-three bakeries to photograph their oranjekoek.





