Doarp oan see
€ 24,90
Dizze skitterjende nije edysje fan Doarp oan see is basearre op de roman fan Hein F. Faber dy’t yn 1960 foar it earst ferskynde. Mei trochdat Hein Faber sa’n byldzjend skriuwer wie kaam syn omkesizzer Frâns Faber op it idee om in byldferhaal te meitsjen fan Doarp oan see. De krêftige tekeningen fan Frâns Faber ferbyldzje de ynhâld fan it boek op in prachtige manier, en bringe Wichert Humalda, Sibe de Seeman, âlde Eling en alle oaren ta libben.
Doarp oan see beskriuwt it deistich libben yn Makkum en syn soms nuveraardige ynwenners, yn de tiid foar’t de Sudersee de Iselmar waard. Makkum spile in grutte rol yn tal fan de boeken en ferhalen fan Hein Faber. Foar dizze nije útjefte is de tekst justjes bewurke en omstavere yn hjoeddeisk Frysk.
Frâns Faber is in omkesizzer fan Hein F. Faber. Hy groeide op yn Makkum en folge keunstûnderwiis oan de akademys Vredeman de Vries yn Ljouwert en Minerva yn Grins. Hy is benammen wurksum as grafikus. Fan 1987 oant 2009 tekene Frâns Faber de karikaturale âldjiersoersichten foar de Ljouwerter Krante.
Gerelateerde boeken
-
-
Monuminteman
As Fryslân fan de iene dei op de oare selsstannich wurdt, krijt de haadpersoan fan dit boek in wichtige taak. Hy wurdt de monuminteman.
Hy moat foar it regear in plan meitsje foar stânbylden fan Fryske helden en sa in passende skiednis betinke foar it nije lân.
Mar wa is it wurdich om in byld fan te meitsjen? En wêrom?Monuminteman is it romandebút fan toanielskriuwer Bouke Oldenhof. It is in humoristyske fantasij, in spannend en in oangripend ferhaal oer identiteit en fergonklikheid yn ien.