Ferroarings fan Stal [Metamorphoses]

Ovidius

 45,00

    Dit boek is niet via onze winkelmand te bestellen. U kunt het bestellen door hieronder uw gegevens in te vullen. Wij nemen contact met u op!

    Fryske oersetting fan Ovidius’ Metamorphoses. Oersetten troch Klaas Bruinsma dy’t al twa kear de Obe Postmapriis krige foar syn oersettings fan klassike wurken lykas de Ilias en Odusseia fan Homêros. Prachtich foarmjûn troch Gert Jan Slagter.

    Gerelateerde boeken

    • Fisk

      Fisk

      Douwe Kootstra, Tjibbe Hooghiemstra
       17,90

      Fisk

      De bokking better besjoen, in reuzesnoek út ’e Fryske Wâlden, in fabel fol ûntefreden maitsen, in oade oan ’e dôber. It binne in pear foarbylden dy’t op lichtfuottige wize yn Fisk oan ’e oarder komme. Alles yn Fisk hat te krijen mei natuer, fisk, fiskjen, wetter en Fryslân.

      Nei harren earste projekt – Stabij, in boek oer in hûn – is Fisk it twadde boek fan byldzjend keunstner Tjibbe Hooghiemstra en skriuwer-ferteller Douwe Kootstra. Douwe libbe him út yn ’e ferhalen. Tjibbe makke der tekeningen by. De miks fan bylden en koarte teksten makket Fisk ta in hearlik lês- en sjochboek.

       17,90
    • Pake Sytse

      Pake Sytse

      Rink van der Velde
       17,90
    • Salang’t de beam bloeit

      Salang’t de beam bloeit

      Koarte skiednis fan de Fryske literatuer
      Joke Corporaal
       16,90

      Salang’t de beam bloeit

      De Fryske literatuer is útdrukking fan de eigenheid fan Fryslân. Troch de iuwen hinne hawwe Fryske skriuwers en dichters yn har eigen taal skreaun: oer harsels, oer har taal en oer har lân. De Fryske literatuer herberget in protte ûnferwachte skatten dy’t de muoite fan it ûntdekken wurdich binne. Salang’t de beam bloeit is dêr in moaie opstap foar. Yn sân haadstikken behannelet literatuerwittenskipper Joke Corporaal de wichtichste ûntjouwingen en skaaimerken fan de Fryske literatuer. Koarte finsterteksten ljochtsje dêrnei de skiednis ta mei sprekkende foarbylden oer hichte- en ek djiptepunten.

       16,90
    • Nijntje har freonen

      Nijntje har freonen

      Dick Bruna
       5,00