Ferroarings fan Stal [Metamorphoses]
€ 45,00
Fryske oersetting fan Ovidius’ Metamorphoses. Oersetten troch Klaas Bruinsma dy’t al twa kear de Obe Postmapriis krige foar syn oersettings fan klassike wurken lykas de Ilias en Odusseia fan Homêros. Prachtich foarmjûn troch Gert Jan Slagter.
Gerelateerde boeken
-
-
Beafeart
€ 16,90In Fryske sjoernalist ûndernimt in beafeart nei Saint-Martin. Yn de oarlochsjierren hat er, as finzene fan de Dútskers, yn it konsintraasjekamp fan Troyes sitten. Mei help fan de Maquis, de Frânske ûndergrûnske, koe er flechtsje. Heal as ûnderdûker, heal as partisaan hat er de lêste moannen foar de befrijing tahâlden op it lytse boerespultsje Ferme la Vacherie op it Frânske plattelân.
Dêr hat er kunde krigen oan Krysta, de jongfaam dêr’t er mear fan hâlden hat as fan de Fryske frou dêr’t er letter mei troud is. Mar it is net allinne om Krysta – yntusken ek al lang troud – nochris wer te moetsjen dat er krapoan tweintich jier letter syn beafeart oangiet. It is foaral ek om ferantwurding ôf te lizzen oer neambere en ûnneambere skuld dêr’t er sûnt dy tiid altyd mei ompakt hat.
Beafeart nei Saint-Martin is in werútjefte fan de tredde Fryske roman fan Rink van der Velde (1932-2001).
-
De Goargels
€ 17,99Midden yn ’e nacht wurdt Melle wekker. Der sit in frjemd wêzentsje op de râne fan syn bêd. It liket wol in boltsje wol, mei earmkes en skonkjes en twa hierrige, puntige earen. Mar as Melle it ljocht oandocht, is it wêzentsje fuort.
As er der op skoalle oer fertelt laitsje se him allegear út. Sels heit, dy’t biolooch is, seit dat it ûnsin is, dat sokke wêzentsjes net bestean. Mar Melle wit seker wat er sjoen hat …
No ek yn it Frysk, dit fantasyrike en spannende aventoer oer Goargels, Brutelers en in jonge mei supereagen, fan Jochem Myjer. Yllustrearre troch Rick de Haas, bekend fan Mees Kees.
De Goargels heart by de bêst ferkeapjende berneboeken fan it lân.
-
Frysk Bakboek
€ 24,90It Frysk Bakboek sammelet de swiete resepten út de bakkerstradysje dy’t Fryslân ryk is. Oranjekoeke, sûkerbôle en dúmkes binne uteraard opnommen, mar ek heamiel, trommelkoeke, fanyljestaafkes, reepkoeke en alderhande oare bekend en ûnbekend gebak komt oan bod. Op syn Frysk rjucht en sljucht beskreaun, sûnder kâlde drokte, sadatst it thús goed meitsje kinst en in stikje Fryslân út dyn keuken toverest.
De susters Henny en Betty Feenstra wurken allebeide jierrenlang by bakkers op ’e Lemmer. Neist harren deistich wurk, Henny as dosint en Betty as direkteur, bleaune se bakken foar harren húshâlding, famylje en freonen.
![Ferroarings fan Stal [Metamorphoses]](https://noordboek.nl/wp-content/uploads/2024/04/Ovidius-Ferroarings-fan-Stal-9789056151744.jpg)



