Hierbak
€ 17,50
Sjerp Bak docht foar in regionale krante al tweintich jier ferslach fan de Ljouwerter gemeentepolityk. Gjin sjoernalistyk swiergewicht miskien, wol in betrouber ferslachjouwer. Privee liedt fyftiger Bak it wat grizige bestean fan in frijfeint op jierren. Nei’t syn libben yn ‘Bak’ op de kop set waard troch twa ûngelokkige stjergefallen, komt er yn ‘Hierbak’ foar in ûnmooglike kar te stean: sels dea of in pear lytse kriminelen út ‘e wei romje. Dêr’t Sjerp wekker leit fan it hiermoardnerskip, dreamt deputearre Kerst Sorgdrager fan de ferdûbeling fan de dyk Ljouwert-Boalsert. It is lykwols de fraach oft de baten tsjin de lêsten opweage, en dat net allinne foar de mienskip.
Mei ‘Hierbak’ bewiist Sietse de Vries opnij dat er net allinne in spannend boek skriuwe kin, mar ek in skerp each hat foar de tragykomyske kant fan it libben fan gewoane minsken dy’t har bêst dogge om der wat fan te meitsjen.
[Quote]
‘Bak is in moaie miks fan in psychologyske misdiedroman, wêrby’t de motiven socht wurde moatte yn it persoanlike flak, en in sosjale misdiedroman, dy’t mear preökkupearre is mei maatskiplike korrupsje en organisearre misdied.’ (Sjoerd Bottema yn de Moanne oer Bak)
Gerelateerde boeken
-
De Nova Scotia staazje
€ 15,00‘Ik hie noch nea sa fier fuort west. Op reis nei Kanada foar trije moannen staazje op in buorkerij yn Nova Scotia. Oaren út myn klasse bleaunen yn Nederlân, of kamen de provinsjegrins net iens oer. Mar ik woe oer de grutte plasse.’
Dit ferhaal beskriuwt de ûnderfiningen fan in jonge dy’t op in Kanadeeske boerepleats telâne komt dêr’t de sfear him benearet. Yn in waarme Kanadeeske simmer besiket er him yn in fijannige sfear steande te hâlden en siket er in útwei. Noch hieltyd dreamt Freark Fritsma oer de doar fan in sel yn in finzenis dy’t mei in klap efter him ticht batste.Dit is de fiifde roman fan Ferdinand de Jong.
-




