In ekstremist út Westergeast
€ 19,90
In Westergeastmer dy’t fûl nasjonaal-sosjalist wurdt. En allike fûl Frysk nasjonalist. Dy’t alhiel yn de ban is fan it Oera Linda Boek. En ek fan hinnen. En boppedat, wol it meast bjusterbaarlik, fan wite wiven. Wat foar man wie dat wol?
Yn dizze biografy jout Oebele Vries in byld fan Jan Bartele Vries út Westergeast en fan de ûntjouwing fan syn tinken. It is de beskriuwing fan in tige fleurich en tagelyk djip tragysk man.
Oebele Vries is histoarikus. Hy is yn ’e fierte famylje fan Jan Bartele Vries en komt boppedat ek út Westergeast.
Gerelateerde boeken
Beppe Xenia
€ 19,90Xenia is grutbrocht yn de Dravadelte fan Slovenië. Dêr treft se Freek Wassenaar, in boeresoan út it Bilt. Freek en Xenia wurde fereale en sette har nei wenjen yn Fryslân. Se trouwe yn 1933, it jier dat Hitler oan de macht komt yn Dútslân. Yn it begjin fan de Twadde Wrâldoarloch rint Xenia in âlde leafde tsjin it liif. Dietrich Kleeblatt wurket yn Nederlân foar de SD. De moeting mei Dietrich sil it libben fan Xenia en Freek bot yn ûnstjoer bringe.
Hein Jaap Hilarides (1969) is skriuwer en muzikant.
Wat soesto!
€ 15,00Freark Smink set mei Wat soesto! de kroan op synymposante toanielkarriêre. Yn dit boek fine jo de Fryske teatertekst en de oersetting yn it Nederlânsk. Boppedat skreau Geert Mak in wiidweidich essay oer Smink en kuieret hy oan de hân fan dit ferhaal troch de ûntwikkelingen yn de lânbou en yn Fryslân. Bouke Oldenhof skriuwt oer toanielskriuwen en it ûntstean fan dit stik. It boek jout derneist in oersicht fan it toanielwurk fan Freark Smink, yllustrearre mei prachtige foto’s út de âlde doaze.
De oarloch fan Jan Snip
€ 9,90Yn De oarloch fan Jan Snip fertelt Ferdinand de Jong it ferhaal fan syn pake Jan, beppe Saakje en harren húshâlding. Yn de Twadde Wrâldoarloch bebuorkje sy achter yn it lân in komelkersspultsje, oan de igge fan it Nannewiid by de doarpen Sint Jânsgea en Rotsterhaule. Yn de rin fan de oarloch bedarret Jan stadichwei djipper yn it ferset, mei alle gefaar dat soks mei him meibringt.
In portret fan in eigensinnich man, in hurde wurker dy’t die wat er tocht dat dien wurde moast.Ferdinand de Jong (1969) is berne yn Oranjewâld en grutbrocht op in buorkerij mei Frysk reabûnt fee. Hy debutearre yn 2010 mei Guozzeflecht en hat sûnt dy tiid sân romans skreaun. Foar It dak fan de wrâld krige er yn 2012 de Rink van der Veldepriis.
Doarp oan see
€ 24,90Doarp oan see beskriuwt it deistich libben yn Makkum en syn soms nuveraardige ynwenners, yn de tiid foar’t de Sudersee de Iselmar waard.
Dizze skitterjende nije edysje fan Doarp oan see is basearre op de roman fan Hein F. Faber dy’t yn 1960 foar it earst ferskynde. Mei trochdat Hein Faber sa’n byldzjend skriuwer wie kaam syn omkesizzer Frâns Faber op it idee om in byldferhaal te meitsjen fan Doarp oan see. Syn krêftige tekeningen ferbyldzje de ynhâld fan it boek op in prachtige manier, en bringe Wichert Humalda, Sibe de Seeman, âlde Eling en alle oaren ta libben.