Koproer. In kar út de gedichten nei 2000 / Een keuze uit de gedichten na 2000
€ 15,00
KOPROER
In kar út de gedichten nei 2000 /
Een keuze uit de gedichten na 2000
Eppie Dam (De Pomp, 1953) skreau santjin bondels tusken hunker en huver. Besiele poëzy op ’e grins fan it ferdraachlike. Koproer is in twatalige seleksje út syn wurk fan nei de iuwwiksel. Gjin omkear of in brek mei it ferline, mar de dichter dolde wol djipper en boarre sa noch ûnferwachte lagen oan.
Eppie Dam (Kollumerpomp, 1953) schreef zeventien bundels tussen hunker en huiver. Bezielde poëzie op de grens van het verdraaglijke. Koproer is een tweetalige selectie uit zijn werk van na de eeuwwisseling. Geen ommekeer of een breuk met het verleden, maar de dichter groef wel dieper en boorde zo nog ongedachte lagen aan.
Gerelateerde boeken
-
It wrede paradys It ferfolch
€ 27,50Utwreide werprintinge fan de bestseller It wrede paradys: 150 siden nij wurk: 34 tajeften by de âlde ferhalen, in hânfol nije libbensskiednissen, 32 fotosiden mei bylden fan de fertellers, en skôgingen fan prof. Henry Baron, prof. Douwe Draaisma en dr. Jan Dirk Wassenaar
-
Fisk
€ 17,90De bokking better besjoen, in reuzesnoek út ’e Fryske Wâlden, in fabel fol ûntefreden maitsen, in oade oan ’e dôber. It binne in pear foarbylden dy’t op lichtfuottige wize yn Fisk oan ’e oarder komme. Alles yn Fisk hat te krijen mei natuer, fisk, fiskjen, wetter en Fryslân.
Nei harren earste projekt – Stabij, in boek oer in hûn – is Fisk it twadde boek fan byldzjend keunstner Tjibbe Hooghiemstra en skriuwer-ferteller Douwe Kootstra. Douwe libbe him út yn ’e ferhalen. Tjibbe makke der tekeningen by. De miks fan bylden en koarte teksten makket Fisk ta in hearlik lês- en sjochboek.
-
De keunst as útwei
€ 27,90Wat makke dat Simke Kloosterman keas foar in bestean as skriuwster, en dan ek noch yn it Frysk? Wat feroarsake de mankelike toan, dy’t ek yn it wurk fan har heit Jan Ritskes werom te finen is? En hokker rol spile har ferloving en lettere freonskip mei Douwe Kalma? Philippus Breuker besiket yn dizze biografy har langsten en lotgefallen yn libben en wurk te ûntriedseljen.
Simke hat mei har keunst in útwei út de ellinde fan har jonge jierren fûn, mar sykte en twivel oan de wearde fan dy keunst hawwe har letter it betreklike fan har stribjen fiele litten. Dochs is de Fryske literatuer net sûnder har te tinken. Mannich boek fan har hat noch altyd syn leafhawwers.Philippus Breuker (1939) publisearret oer skiednis, taal en literatuer fan Fryslân. Earder ferskynde fan syn hân De Gouden Iuw yn Boazum en Fryslân yn de Gouden Iuw.




