Nachtskriuwer
Hannah is restaurateur yn it Ryksmuseum. By tafal komt se yn oanrekking mei it wurk fan in blyn wurden Fryske dichter. Lykas Blynman is se grutwurden op it lân en by de bisten en yn syn poëzij fynt se har eigen bernetiid werom. As restaurateur fielt se har sterk besibbe mei syn manier fan wurkjen. Dêr’t sy lagen troebel fernis fan skilderijen ôfhellet om de details en kleuren dêrûnder wer foar it ljocht te heljen, graaft Blynman troch desennia fan tsjusternis hinne, werom nei de bylden fan syn bernetiid, doe’t er noch wol sjen koe. Se beslút om him achternei te reizgjen nei it Waadeilân dêr’t er alle simmers kampearret. Yn yntime petearen ûndersykje se de wurking fan it ûnthâld en de ferbylding. Mar foaral leart Blynman har wer de sintugen te brûken, op it eilân fan helmgers en fûgels, en by it swimmen yn ’e see.
Jannie Regnerus (1971) is skriuwer en byldzjend keunstner.
Gerelateerde boeken
-
Monuminteman
As Fryslân fan de iene dei op de oare selsstannich wurdt, krijt de haadpersoan fan dit boek in wichtige taak. Hy wurdt de monuminteman.
Hy moat foar it regear in plan meitsje foar stânbylden fan Fryske helden en sa in passende skiednis betinke foar it nije lân.
Mar wa is it wurdich om in byld fan te meitsjen? En wêrom?Monuminteman is it romandebút fan toanielskriuwer Bouke Oldenhof. It is in humoristyske fantasij, in spannend en in oangripend ferhaal oer identiteit en fergonklikheid yn ien.
-
-
-
Harm van der Meer fertelt
It libben fan dirigint, muzykmaster en minskeman Harm van der Meer (Bantegea, 1940) spile him ôf tusken de skoallen, koaren en orkesten, tusken jonge en âlde minsken, yn doarp en stêd, en yn it iepen fjild. De minsken en de muzyk joegen him genôch stof om in tal ûnferjitlike ferhalen en anekdoates op te skriuwen, dy’t yn dizze bondel sammele binne.
Yn de wurden fan Hylke Speerstra: ‘Optredens mei Harm van der Meer as ynspirator op de bok hiene faak bysûndere mominten. Der kamen mominten dat de wurdearring it applaus foarby gie. Dan foel der yn in grutte katedraal allinne mar in stilte, kearde Harm him nei de tahearders, seach harren yn de wiete eagen en sei er: “Jim hawwe it begrepen.” Syn rispinge kin ryk neamd wurde. Gelokkich hat er dêr, yn beskiedenheid mar mei gefoel foar anekdotyk, in kostber dokumint oer skreaun. Dêryn blykt er ek noch in master-ferteller te wêzen.’
De sfearfolle swart-wytfoto’s fan Henny van den Berg meitsje it ferhaal kompleet: in portret fan in markante man mei in kleurryk libben.