Nachtskriuwer
Hannah is restaurateur yn it Ryksmuseum. By tafal komt se yn oanrekking mei it wurk fan in blyn wurden Fryske dichter. Lykas Blynman is se grutwurden op it lân en by de bisten en yn syn poëzij fynt se har eigen bernetiid werom. As restaurateur fielt se har sterk besibbe mei syn manier fan wurkjen. Dêr’t sy lagen troebel fernis fan skilderijen ôfhellet om de details en kleuren dêrûnder wer foar it ljocht te heljen, graaft Blynman troch desennia fan tsjusternis hinne, werom nei de bylden fan syn bernetiid, doe’t er noch wol sjen koe. Se beslút om him achternei te reizgjen nei it Waadeilân dêr’t er alle simmers kampearret. Yn yntime petearen ûndersykje se de wurking fan it ûnthâld en de ferbylding. Mar foaral leart Blynman har wer de sintugen te brûken, op it eilân fan helmgers en fûgels, en by it swimmen yn ’e see.
Jannie Regnerus (1971) is skriuwer en byldzjend keunstner.
Gerelateerde boeken
-
Monuminteman
€ 17,90As Fryslân fan de iene dei op de oare selsstannich wurdt, krijt de haadpersoan fan dit boek in wichtige taak. Hy wurdt de monuminteman.
Hy moat foar it regear in plan meitsje foar stânbylden fan Fryske helden en sa in passende skiednis betinke foar it nije lân.
Mar wa is it wurdich om in byld fan te meitsjen? En wêrom?Monuminteman is it romandebút fan toanielskriuwer Bouke Oldenhof. It is in humoristyske fantasij, in spannend en in oangripend ferhaal oer identiteit en fergonklikheid yn ien.
-
Hierbak
€ 17,50Sjerp Bak docht foar in regionale krante al tweintich jier ferslach fan de Ljouwerter gemeentepolityk. Gjin sjoernalistyk swiergewicht miskien, wol in betrouber ferslachjouwer. Privee liedt fyftiger Bak it wat grizige bestean fan in frijfeint op jierren. Nei’t syn libben yn ‘Bak’ op de kop set waard troch twa ûngelokkige stjergefallen, komt er yn ‘Hierbak’ foar in ûnmooglike kar te stean: sels dea of in pear lytse kriminelen út ‘e wei romje. Dêr’t Sjerp wekker leit fan it hiermoardnerskip, dreamt deputearre Kerst Sorgdrager fan de ferdûbeling fan de dyk Ljouwert-Boalsert. It is lykwols de fraach oft de baten tsjin de lêsten opweage, en dat net allinne foar de mienskip.
Mei ‘Hierbak’ bewiist Sietse de Vries opnij dat er net allinne in spannend boek skriuwe kin, mar ek in skerp each hat foar de tragykomyske kant fan it libben fan gewoane minsken dy’t har bêst dogge om der wat fan te meitsjen.
[Quote]
‘Bak is in moaie miks fan in psychologyske misdiedroman, wêrby’t de motiven socht wurde moatte yn it persoanlike flak, en in sosjale misdiedroman, dy’t mear preökkupearre is mei maatskiplike korrupsje en organisearre misdied.’ (Sjoerd Bottema yn de Moanne oer Bak)




