Om my hinne
€ 15,00
Troch de tolve ferhalen yn dit boek rint in trie fan goed mei elkoar kinne. Om my hinne fertelt oer freonskippen dy’t soms koart binne, hechter wurde of just ferkomme. De teltsjes sizze wat oer it libben fan de auteur, mar tippe ek de kultuer yn Fryslân en de wrâld dêrbûten oan. Somtiden anekdoatysk; soms giet it mâl en soms docht it sear.
Steven Sterk is keapman yn boeken. Yn 2004 ferskynde syn roman Regaad yn ’e himel en yn 2012 de ferhalebondel De midden en de beide einen.
Gerelateerde boeken
-
-
-
-
Sweltsjes fan Gaast
€ 15,00Theunis Piersma is heechlearaar Trekfûgelekology yn Grins en is in ynternasjonale autoriteit op dat gebied. Op syn fakgebied hat Piersma in ôfgryslik soad skreaun. Yn syn frije tiid docht er yn syn wenplak Gaast ûndersyk nei sweltsjes. Syn buorfrou frege him ‘Wêr bliuwe ús sweltsjes winterdeis, Theunis’. Dy fraach wie oanlieding foar in syktocht nei sweltsjes, nei hoe’t se libje en wêr’t se bliuwe.. Piersma ferstiet de keunst om syn wittenskiplik ynsjoch oer de bringen oan in breed publyk sûnder de kwaliteit te koart te dwaan. Dit is syn earste boek yn syn memmetaal. In oade oan sweltsjes en oan Fryslân.





