Pake Sytse
€ 17,90
Pake Sytse is in klassiker yn it wurk fan Rink van der Velde (1932-2001). It is de bjusterbaarlike histoarje fan Sytse Cavelier, dy’t as jongkeardel samar ferdwûn. It ferhaal wurdt ferteld troch pakesizzer Jehannes.
‘Pake is jong weirekke, sa waard letter sein as it te praat kaam en wy ús mem of beppe fregen wêrom’t der net in pake by ús beppe wie. De rike Fryske taal stelde harren yn steat om de wierheid achter te hâlden sûnder dat men it ligen neame koe.’
Fjirtich jier letter is pake Sytse ynienen werom. Hy set him ta wenjen yn in âld wenskip yn it romme fjild fan De Deelen, tusken De Tynje en Aldeboarn. Dêr is er begûn en dêr wol er de ein besile. Dat soks hjoed de dei net mear kin, wol him mar min oan. As er foar it ferstân krijt dat er de slach ferlieze moat, docht er syn dingen.
Gerelateerde boeken
-
-
De jonge Piter Jelles
€ 15,00Piter Jelles Troelstra wie liberaal fan hûs út. Yn dit boek wurdt oanjûn hoe’t er him losmakke fan it liberalisme fan syn tiid. Hoe’t syn fyzje op it Frysk feroare doe’t er him op de arbeiderssaak rjochte. Hy naam ôfskie fan de ‘Fryske sin’ sa’t de liberalen dy omearmjen. Foar him wie de striid foar it Frysk in politike oangelegenheid. En de striid fan de sosjaal-demokrasy in striid om realisaasje fan demokrasy en foar kwaliteit fan de arbeid. Yn syn polityk testament (1924) omskriuwt er dat sa: De eigenlijke strijd […] is de strijd over de vraag: zal de Staat het grootkapitaal beheersen, of zal het grootkapitaal de Staat beheersen?
Bertus Mulder (It Hearrenfean, 1949) stdudearre arbeidssosjology, wie dosint sosjale skiednis en promovearre yn 1991 oan de Ryksuniversiteit Groningen
by Lolle Nauta op it proefskrift Andries Sternheim, een Nederlandse vakbondsman in de Frankfurter Schule.





