Hanneke de Jong
Biografie:
Hanneke de Jong skriuwt berne- en jeugdboeken yn it Frysk en yn it Nederlânsk. Se wûn twa kear de Simke Kloostermanpriis. Nêst fantasyrike berneboeken skriuwt se boeken dy’t basearre binne op in wier bard ferhaal. Besikje har webside hjir.Sis my wa’t ik bin
€ 7,90It is 1956, nei de simmerfakânsje. Loek sit yn de twadde klasse fan de ULO. In nije learaar lêst alle nammen fan de learlingen op, behalve Loek sines. Hy lêst ek in namme op dy’t gjinien wat seit. Mar wa’t dat is, wit er net. De learaar tinkt dat Loek him foar de gek hâldt en sleept him mei nei de direkteur. Dy stjoert Loek nei hûs mei it boadskip dat it tiid wurdt dat syn heit en mem alles fertelle.
Noch hieltyd hat er gjin idee. Syn mem jout him in deiboekje dat se byholden hat. It begjint yn 1944, as it oarloch is. Foar Loek begjint de syktocht nei wa oft hy no eins is.Troch hiel Europa lizze stroffelstiennen (struikelstenen of, de oarspronklike namme, Stolpersteine). Al dy stiennen meiinoar binne ien grut monumint foar de slachtoffers fan de Twadde Wrâldoarloch: de Joaden, Roma en Sinti, homo’s, handikapten en Jehova’s tsjûgen. Dy stiennen lizze foar de huzen fan minsken dy’t yn ‘e oarloch út harren huzen helle binne, nei kampen brocht en fermoarde. Foar de âlden fan Louis lizze twa stiennen foar it hûs dêr’t se eartiids wennen en dêr’t se weihelle waarden.
Wat het hele dorp wist
€ 14,90Lion woont in Israël. Voor zijn zestiende verjaardag mag hij met zijn moeder en opa op vakantie naar Nederland. Daar groeide opa op in Friesland. Lion heeft vaak gevraagd naar opa’s leven van toen, maar antwoord kreeg hij nooit. De geschiedenis van zijn grootvader heeft iets te maken met de Tweede Wereldoorlog. Hij was toen een peuter, dus hoe zit dat precies?
Misschien kan hij dat vertellen als hij terug is in zijn oude dorp. Maar als Lion ziet hoe moeilijk opa het heeft met dat verleden, vraagt hij zich af of deze reis wel zo’n goed idee was.Leeftijd 14+
It Ferbeane Boek
€ 14,90Fedde sit yn groep fiif. Hy hat it dêr wol nei it sin, op ien ding nei: hy kin noch net lêze. Kin er it net of wol er it net? Hy fynt lêzen stom en boeken hielendal!
Op in dei sjocht er by syn nuvere buorman Jan in hiel âld boek lizzen. In boek mei in slot derop. As hy it besjen sil, komt buorman krekt yn ‘e keamer en seit dat er noait wer oan dat boek komme mei. Dat boek is ferbean. En krekt dat boek wol Fedde lêze. Mar wêr soe it kaike wêze?“No’t it kaike past, wol Fedde it ek omdraaie. It giet hiel maklik. Op itselde momint slacht de doar ticht en heart er Feyza roppen. ‘Fedde! Doe die deur open!’ Se bûnzet op ’e doar.
Fedde hat allinnich each foar it boek dat út himsels iepenfalt. It boek begjint o sa te skodzjen en te triljen. Hy moat it mei beide hannen beethâlde om it net glippe te litten.
‘Fedde, zeg wat! Wat gebeurt daar allemaal?’ Mar Fedde kin gjin antwurd jaan. It is as sûcht it boek him op, as in ûnbidich grutte stofsûger. Hy wurdt der bang fan en pipet: ‘Help, Feyza, help!’”