Heksegrytta

 15,00

    Dit boek is niet via onze winkelmand te bestellen. U kunt het bestellen door hieronder uw gegevens in te vullen. Wij nemen contact met u op!

    Oan it begjin fan it lêste jier op de basisskoalle komt der in nij famke yn de klasse:  Annemoon. Alle bern út de klasse wolle graach freonen mei har wêze, mar Grytta en Bauke fine har mar frjemd. Oarsom fynt Annemoon Grytta ek in nuverenien. Daliks al, as se it lokaal ynstapt. It is krekt as sjocht Grytta dwers troch har hinne… Soe Grytta, lykas har beppe, bysûndere krêften hawwe?

    Heksegrytta is in ferhaal oer freonskip en oer hoe’tsto dy in hâlding joust yn in klasse wêr’t nimmen dy kin. Soms dochst eat wat ferkeard útpakt en barre der dingen dy’tst fan te foaren noait betinke koest.

    Bekijk meer informatie over de auteur(s) van deze titel:

    Gerelateerde boeken

    • Nijntje yn it museum

      “Nijntje en har heit en mem gien nei it museum. Heit pluis fynt nijn te lyts, nijn is noch mar in pjut.
      ‘Te lyts, rôp mem, hoe komst der by’. Nijn sei, ‘ik bin al grut’ en dus giet nijn mei nei it museum. Dat fynt nijn hartstikke moai. Nijntje sjocht skilderijen, in mobile en sels in stienen byld. ‘en letter oer in jier as wat as ik wat grutter bin dan tink ik dat ik keunstner wurd'”

       7,95
    • nijntje bie zee in t Grunnegers

      In Nijntje bie zee gaat Nijntje met ‘pabbe pluus noar de dunen en t strand en noar de zee’. Pa Pluus zegt: ‘hier bennen dien emmer en dien schep, moak mor n hail groot fort dan zel ík kieken of dat wel hail staark en steveg wordt’, want Nijntje en haar vader spreken Gronings. Nijntje bie zee en Opa en oma Pluus zijn vertaald uit het Nederlands door Jan Sleumer. Jan Sleumer is docent Gronings en gaf diverse cursussen Gronings voor zowel beginners als gevorderden. Daarnaast maakt hij deel uit van het Duo Mokumer Molleboon (muziek uit Groningen door de eeuwen heen).

       7,95
    • Bartele Bûse

      Bartele Bûse

      Berber van der Geest
       15,00

      Bartele Bûse

      Bartele Bûse is in jonkje mei in protte fantasy. Yn alles wat er sjocht, sjocht en heart er in ferhaaltsje. Thús begripe se dat net sa goed. Mar Skelte wol. Skelte is keunstskilder. Bartele komt faak by him oer de flier. De prachtichste ferhalen skildert Skelte him foar: oer kening Klomsk fan Kjeldmanië, dy’t altyd sa kâld as in kikkert is; oer de piperwynske prippunêze, dy’t elkenien mar stekke wol; oer Stookstokke Styntsje en de krintekakkers fan Knyphuzen. Mar ek fan de fiif rôvers op Fiifrôvershoek wol Bartele alles witte. Hy harket mei sân pear earen …

      Bartele Bûse is in klassiker yn de Fryske jeugdliteratuer. It is skreaun troch Berber van der Geest (1938-2019).

       15,00
    • De Goargels

      Yn 't Frysk!
      Jochem Myjer
       17,99

      De Goargels

      Midden yn ’e nacht wurdt Melle wekker. Der sit in frjemd wêzentsje op de râne fan syn bêd. It liket wol in boltsje wol, mei earmkes en skonkjes en twa hierrige, puntige earen. Mar as Melle it ljocht oandocht, is it wêzentsje fuort.

      As er der op skoalle oer fertelt laitsje se him allegear út. Sels heit, dy’t biolooch is, seit dat it ûnsin is, dat sokke wêzentsjes net bestean. Mar Melle wit seker wat er sjoen hat …

      No ek yn it Frysk, dit fantasyrike en spannende aventoer oer Goargels, Brutelers en in jonge mei supereagen, fan Jochem Myjer. Yllustrearre troch Rick de Haas, bekend fan Mees Kees.

      De Goargels heart by de bêst ferkeapjende berneboeken fan it lân.

       17,99