Anne Tjerkstra, in libben tusken de swurden

Jan de Vries

 15,00

    Dit boek is niet via onze winkelmand te bestellen. U kunt het bestellen door hieronder uw gegevens in te vullen. Wij nemen contact met u op!

    Anne Tjerkstra wie skipper op it Steatejacht Friso. ‘De moaiste baan dy’t der bestiet,’ seit er sels. Hy makke fan tichtby kommissarissen as Rijpstra, Wiegel, Hermans en Nijpels mei. De gentleman-skipper, waard er wol neamd. Hy striele altyd nivo, mar ek in foarm fan distânsje út.

    Hiel oars wie er as skûtsjeskipper. Dan stie er tusken syn bemanningsleden, brûkte de skipperstaal en koe rûch yn ‘e mûle wêze.

    En wer oars wie er as rider fan ‘wylde’ Alvestêdetochten: der wie er de reedrider dy’t it om de prestaasje en aventoer te dwaan wie. En dy’t geniete fan it kabaal, it ôfkarren troch de wichtige minksen fan de offisjele Alvestêdetocht en de stikken yn de krante, dy’t dêrnei kamen.

    Wa is de echte Anne Tjerkstra? Yn dit boek besiket Jan de Vries in antwurd op dy fraach te finen. Hy docht dat troch Tjerkstra safolle mooglik sels oan it wurd te litten. Dat levere practige ferhalen op oer syn bernejierren op in skûtsje, mar ek oer de pommeranten op it Steatejacht, een klaverjassende prins Bernhard en skûtsjeskippers dy’t inoar  op it wetter nei it libben steane.

     

    Jan de Vries (1939) wurke as sjoernalist, foarljovhter en (suvel-)direkteur. Hy skreau fersen, dêr’t er trije kear de Rely Jorritsmapriis mei wûn, toaniel – Geskaai om `e Kaai krige de Fryske Toanielpriis – en koarte ferhalen en boeken.

    Mei yllustraasjes fan Anne Tjerkstra

    Gerelateerde boeken

    • Op redens oer

      Op redens oer

      Hylke Speerstra
       10,00
    • Fersen foar Fokje

      Fersen foar Fokje

      Syklus fan Piter Jelles Troelstra
      Bertus Mulder
       12,50

      Fersen foar Fokje

      Yn de simmer fan 1881 krige de jonge Piter Jelles Troelstra ferkearing mei de boeredochter Fokje Frânses Pasma fan Westermar. Doe’t hy studint waard yn Grins, moast dit oer wêze neffens de famylje Troelstra.

      Yn njoggentjin fersen fan Piter Jelles fynt men dêrfan de delslach. De fersen foar Fokje beskriuwe syn jongfeinte lok en lijen. ‘De leafde foel as simmerrein m’yn ’t hert,’ skriuwt er. De opgong, de twifel, de hope op better as de ferkearing in jier tusken heakjes set wurdt, de ferstille wanhoop en mankelikens komme allegear werom yn dizze syklus.

      Bertus Mulder ( It Hearrenfean, 1949) studearre arbeidssosjology, wie dosint sosjale skiednis en promovearre yn 1991 oan de Ryksuniversiteit Grins. Hy is auteur fan de boeken De jonge Piter Jelles, Jaap Nieuwenhuize Onstuimig en onvervaard en de Nazi’s te slim af zijn.

       12,50
    • Wij moeten wat meer durven

      Wij moeten wat meer durven

      Biografie Jannes Reiling (1923–2005)
      Jelle Horjus
       39,90
    • Monuminteman

      Monuminteman

      Bouke Oldenhof
       17,90

      Monuminteman

      As Fryslân fan de iene dei op de oare selsstannich wurdt, krijt de haadpersoan fan dit boek in wichtige taak. Hy wurdt de monuminteman.
      Hy moat foar it regear in plan meitsje foar stânbylden fan Fryske helden en sa in passende skiednis betinke foar it nije lân.
      Mar wa is it wurdich om in byld fan te meitsjen? En wêrom?

      Monuminteman is it romandebút fan toanielskriuwer Bouke Oldenhof. It is in humoristyske fantasij, in spannend en in oangripend ferhaal oer identiteit en fergonklikheid yn ien.

       17,90