De Biltske Wassenaars
€ 24,90
Generaasjes lang ha de Biltske Wassenaars har stimpel drukt op it Fryske lânskip. Yn dizze famyljekronyk komme leafdesferhalen, oarloggen, revolúsjes en politike opstannen byelkoar yn in portret fan in boerefamylje dy’t libbet mei de seizoenen en de tiid trochstiet. Fan de earste kolonisten op de seeklaai oant lettere generaasjes folgje wy harren striid om frijheid, besit en weardichheid. Mei histoaryske djipgong en each foar it lytse minsklike detail bringt dit boek de skiednis fan It Bilt ta libben.
Hein Jaap Hilarides is skriuwer fan De trekker fan Troje (2017) en Beppe Xenia (2021). Dy boeken binne diel 3 en 2 fan de kronyk oer de Biltske Wassenaars. Dit boek is diel 1 fan dizze famyljeskiednis. Foar de kronyk hat hy ûnder oare in soad materiaal út syn eigen famyljeskiednis brûkt.
Gerelateerde boeken
-
Er hangt iets van lente in de klas…
Nederlandstalige onderwijsgedichten vanaf de dertiende eeuw tot nu€ 39,90 -
Oekebakke boem
€ 12,50Wippe op ’e wiphin, ferdwale yn in winkel, mei in slakje boartsje, in oaljefant keapje, foar straf op ’e ‘stoute trep’ sitte en spultjes dwaan op de kompjûter…
Wat hat in pjut it dochs drok! -





