
Gerelateerde boeken
-
It Guozzeroer
€ 15,00Bavius Bouma, in âld frijfeint yn Akkrum, fertelt oan syn besiker, in sjoernalist en hertstochtlik fisker, wat er yn de oarloch meimakke hat. Oanlieding ta syn relaas is de fynst fan in Dútske motorfyts mei sydspan yn it wetter yn de Heafeart nei De Deelen. Mei in pear maten hat Bavius yn de lêste oarlochsjierren yn dat ûnlân ûnderdûkt sitten. Krekt foar de befrijing hat him dêr in singelier drama ôfspile, dat noait bekend wurden is. It guozzeroer, in antyk stik sjitark mei de útwurking fan in kanon, spilet in belangrike rol yn dizze oangripende en sober fertelde roman. Ek giet It Guozzeroer oer de leafde fan Bavius foar in Russyske faam, twangarbeidster yn Normandië.
It Guozzeroer is in werútjefte fan de lêste roman fan Rink van der Velde (1932-2001).
-
-
-
De NEEhoarn
€ 17,99Yn it Hearlike Hertewâld wurdt in snoeperdepoeperige Ienhoarn berne. Hoewol’t elkenien lilaleaf foar him is en hy oanienwei fuorre wurdt mei swiete geloksklaver, gedraacht dat bist him bepaald net ienhoarneftich! Hy seit op alles domwei NEE, en dus wurdt er troch syn famylje al gau allinnich noch mar NEEhoarn neamd.
Op in dei rint de NEEhoarn fuort út syn sûkerwattewrâld.
Hy treft in waskbear dy’t net lústerje wol, in hûn dy’t it allegearre neat skele kin, en in prinses dy’t ivich en altyd wjerwurd jout.
Dy fjouwer foarmje in knap partoer.
Want mei-inoar lekker bokkich wêze is folle leuker!



