De Bonsterkes op ‘e terp
€ 9,90
Joery en Nine Bonsma zijn net verhuisd. Van de stad naar een dorp. Nu wonen ze met vader en moeder naast opa en oma. Allemaal Bonsterkes op de terp!
Foar de bern is it earst wol wennen. Nine hat al gau in freondintsje, mar Joery wol ek sa graach in boartersmaat ha. Soe dat slagje mei syn nije avensearskuon?
Yllustrearre troch Linda de Haan
Gerelateerde boeken
-
-
-
-
Bartele Bûse
Bartele Bûse is in jonkje mei in protte fantasy. Yn alles wat er sjocht, sjocht en heart er in ferhaaltsje. Thús begripe se dat net sa goed. Mar Skelte wol. Skelte is keunstskilder. Bartele komt faak by him oer de flier. De prachtichste ferhalen skildert Skelte him foar: oer kening Klomsk fan Kjeldmanië, dy’t altyd sa kâld as in kikkert is; oer de piperwynske prippunêze, dy’t elkenien mar stekke wol; oer Stookstokke Styntsje en de krintekakkers fan Knyphuzen. Mar ek fan de fiif rôvers op Fiifrôvershoek wol Bartele alles witte. Hy harket mei sân pear earen …
Bartele Bûse is in klassiker yn de Fryske jeugdliteratuer. It is skreaun troch Berber van der Geest (1938-2019).