De fjildferhalen
€ 19,90
Rink van der Velde fielde him nearne sa goed thús as yn fjild en bosk. As jonge strúnde er om yn ’e bosken fan Beetstersweach en learde er de natuer troch skerp observearjen fan tichtby kennen. Fiskje en jeie wie syn lust en syn libben.
En harkje nei de ferhalen fan manlju dy’t de tiid noch meimakke hiene, dat minsken libje moasten fan fiskerij, mollefangen en de jacht op murden.
De fjildferhalen fan Rink van der Velde binne prachtich skreaun en steane fol mei sekuere observaasjes fan it hâlden en dragen fan minske en bist yn it iepen fjild.
De fjildferhalen is in werútjefte fan de ferhalebondel fan Rink van der Velde (1932-2001), ien fan de populêrste skriuwers dy’t Fryslân kend hat.
Gerelateerde boeken
-
De Fryske Utopy
€ 15,00Hoe sjocht Fryslân yn 2030 der út? Hoe moat dit hoekje wrâld idealiter der út sjen?
Alve minsken mei dúdlike (utopyske) fyzje, sprekke har dêroer út yn dizze bondel. Dy bydragen geane oer allegear thema’s, fan it Frysk erfguod oant Fryslân frij fan gif.Wat harren bynt is belutsenens by minsken, by it lânskip, by it wurk. Wat harren ek bynt is langstme. Net romantysk of sentiminteel, mar in realistysk langstme. De bydragen leverje in konkrete wurklist op foar it goede libben yn Fryslân. En wat foar Fryslân jildt, jildt eins ek foar de hiele wrâld.
-
It smelle ûngelok
€ 12,50Smelle ûngelokken, se komme jin alle dagen oer. Gjin stof foar grutte literatuer, soe men sizze. Te sleau en te pynlik om oer te praten. In taboe dêr’t dizze bondel lang om let mei ôfweeft. Bremer en Hoekstra ha de klassike balladefoarm foar kar nommen om de universelens fan dit tema en syn yngreven belang foar it minskene bestean klear yn ’t ljocht te setten. Sa nimme se de lêzer mei fan foar de widze oant oer it grêf.
Harke Bremer (1955) en Jarich Hoekstra (1956) skriuwe sûnt har studintejierren tegearre. Fan harren ferskynde earder it satiryske heldedicht Leffert.
-





