De Fryske Utopy

 15,00

    Dit boek is niet via onze winkelmand te bestellen. U kunt het bestellen door hieronder uw gegevens in te vullen. Wij nemen contact met u op!

    Hoe sjocht Fryslân yn 2030 derút? Hoe moat dit hoekje wrâld idealiter derút sjen? Alve minsken mei in dúdlike (utopyske) fyzje, sprekke har dêroer út yn dizze bondel. Dy bydragen geane oer allegear tema’s, fan it Fryske erfgoed oant Fryslân frij fan gif.

    Wat harren bynt is belutsenens by minsken, by it lânskip, by it wurk. Wat harren ek bynt is langstme. Net romantysk of sentimenteel, mar in realistysk langstme. De bydragen leverje in konkrete wurklist op foar it goede libben yn Fryslân. En wat foar Fryslân jildt, jildt eins foar de hiele wrâld.

    Gerelateerde boeken

    • De Nova Scotia staazje

      De Nova Scotia staazje

      Ferdinand de Jong
       15,00

      De Nova Scotia staazje

      ‘Ik hie noch nea sa fier fuort west. Op reis nei Kanada foar trije moannen staazje op in buorkerij yn Nova Scotia. Oaren út myn klasse bleaunen yn Nederlân, of kamen de provinsjegrins net iens oer. Mar ik woe oer de grutte plasse.’
      Dit ferhaal beskriuwt de ûnderfiningen fan in jonge dy’t op in Kanadeeske boerepleats telâne komt dêr’t de sfear him benearet. Yn in waarme Kanadeeske simmer besiket er him yn in fijannige sfear steande te hâlden en siket er in útwei. Noch hieltyd dreamt Freark Fritsma oer de doar fan in sel yn in finzenis dy’t mei in klap efter him ticht batste.

      Dit is de fiifde roman fan Ferdinand de Jong.

       15,00
    • Underweis

      Underweis

      Ferhalen fan en oer it plattelân
      Bonne Speerstra
       17,50

      Underweis

      Underweis komme jo de moaiste ferhalen tsjin, wit Bonne Speerstra nei in libben as feekeapman en fertsjintwurdiger. Yn dit boek beskriuwt er de meast bysûndere ferhalen, humoristyske foarfallen en oangripende moetings.
      Tagelyk fertelt er de famyljeskiednis fan de Speerstra’s en dêrmei ek de ûntjouwing fan it boerelibben yn Fryslân.
      Yn Underweis jout Speerstra mei in myld each en gefoel foar humor stal oan de ferhalen fan en oer it plattelân.

       17,50
    • De jonge Piter Jelles

      De jonge Piter Jelles

      Bertus Mulder
       15,00

      De jonge Piter Jelles

      Piter Jelles Troelstra wie liberaal fan hûs út. Yn dit boek wurdt oanjûn hoe’t er him losmakke fan it liberalisme fan syn tiid. Hoe’t syn fyzje op it Frysk feroare doe’t er him op de arbeiderssaak rjochte. Hy naam ôfskie fan de ‘Fryske sin’ sa’t de liberalen dy omearmjen. Foar him wie de striid foar it Frysk in politike oangelegenheid. En de striid fan de sosjaal-demokrasy in striid om realisaasje fan demokrasy en foar kwaliteit fan de arbeid. Yn syn polityk testament (1924) omskriuwt er dat sa: De eigenlijke strijd […] is de strijd over de vraag: zal de Staat het grootkapitaal beheersen, of zal het grootkapitaal de Staat beheersen?

      Bertus Mulder (It Hearrenfean, 1949) stdudearre arbeidssosjology, wie dosint sosjale skiednis en promovearre yn 1991 oan de Ryksuniversiteit Groningen
      by Lolle Nauta op it proefskrift Andries Sternheim, een Nederlandse vakbondsman in de Frankfurter Schule.

       15,00