De Fûke
€ 15,00
Yn it reid en de dize fan de Tsjûkemar hâldt in fisker him leaver bûten alles: hy wol fiskje en mei syn húshâlding rêde. Mar de Twadde Wrâldoarloch lit him net gewurde. As in motorfyts yn ’e moarnsskimer oer de reed oankomt, folget in razzia dy’t alles op ’e kop set.
Mei ûnderdûkers yn ’e buert, in joads fanke yn ’e hûs en in soan dy’t syn eigen paad giet, wrakselet de fisker mei plicht en ynstinkt. Yn it ferhoar, achter tichte doarren en ûnder it each fan mannen dy’t alles al lykje te witten, wurdt elke fraach in strûp: wat wit er, wat wol er witte, en wat hat in minske der foar oer om ‘derbûten’ te bliuwen?
De Fûke is in klassiker yn it wurk fan Rink van der Velde (1932-2001). It is in roman dy’t sjen lit hoe’t in ienfâldich libben oan ’e wetterkant ynienen feroaret yn in striid tusken libben en dea en jo as lêzer by de strôte pakt.
Gerelateerde boeken
-
Harm van der Meer fertelt
€ 17,50It libben fan dirigint, muzykmaster en minskeman Harm van der Meer (Bantegea, 1940) spile him ôf tusken de skoallen, koaren en orkesten, tusken jonge en âlde minsken, yn doarp en stêd, en yn it iepen fjild. De minsken en de muzyk joegen him genôch stof om in tal ûnferjitlike ferhalen en anekdoates op te skriuwen, dy’t yn dizze bondel sammele binne.
Yn de wurden fan Hylke Speerstra: ‘Optredens mei Harm van der Meer as ynspirator op de bok hiene faak bysûndere mominten. Der kamen mominten dat de wurdearring it applaus foarby gie. Dan foel der yn in grutte katedraal allinne mar in stilte, kearde Harm him nei de tahearders, seach harren yn de wiete eagen en sei er: “Jim hawwe it begrepen.” Syn rispinge kin ryk neamd wurde. Gelokkich hat er dêr, yn beskiedenheid mar mei gefoel foar anekdotyk, in kostber dokumint oer skreaun. Dêryn blykt er ek noch in master-ferteller te wêzen.’
De sfearfolle swart-wytfoto’s fan Henny van den Berg meitsje it ferhaal kompleet: in portret fan in markante man mei in kleurryk libben. -





