De Gouden iuw yn Boazum
Yn de gouden Iuw yn Boazum beskriuwt Philippus Breuker de libbens fan alle húshâldingen dy’t fjouwerhûndert jier lyn mei elkoar yn ien doarp wennen. It giet oer gewoane minsken yn in karakteristyk Frysk doarp wennen. Guon wienen der berne, lykas har âlden, en soms wennen har bern der ek wer. Oaren kamen út de omkriten en in inkeling hie der gjin famylje. Sa omfiemet dizze doarpsmienskip yn 1640 twa iuwen, fan 1500 oant 1700. Fan de 87 húshâldingen wienen in protte famylje fan elkoar, foaral yn de Buorren, wat makke dat sy it dêr foar it sizzen hienen, al wienen de boeren altyd noch machtiger. De measten waarden stadichoan reformearre, mar guon holden ek fêst oan it âlde leauwe. Dat joech spanningen dy’t net sûnder oerheidsyngripen oplost wurde koenen. De measte minsken hienen it net roem, mar nei 1650 kaam der in tiid fan oerbefolking en bittere earmoede.
Philippus Breuker (1939) wennet al mear as fyftich jier yn Boazum. Dit is syn fjirde boek oer it doarp. Dêrneist hat er skreaun oer literatuer, skiednis en lânskip fan Fryslân.c
Gerelateerde boeken
-
Blommen
Oersetting en bewurking Sake P. Roodbergen
Yn dizze natoergids fine jo alles wat jo nedich hawwe om wylde planten te plak te bringen:
* In seleksje fan mear as twahûndert fan de bekendste en meast opfallende wylde planten yn ús lân, mei in ekstra aksint op Fryslân
* In ynformatyf oersjoch fan skaaimerken dy’t nedich binne foar korrekte determinaasje yn ien eachopslach
* Ynteressante ynformaasje oer de ekology fan de soart yn de begeliedende tekst
* Moaie foto’s as help by de determinaasje
* In tekening of detailfoto foar ferdúdlikingEkstra:
In Yndeks mei alle Hollânske en wittenskiplike nammen, en de Fryske nammen lykas dy troch de Fryske Akademy fêststeld binne yn septimber fan it jier 2009 -
Nijntje yn it museum
“Nijntje en har heit en mem gien nei it museum. Heit pluis fynt nijn te lyts, nijn is noch mar in pjut.
‘Te lyts, rôp mem, hoe komst der by’. Nijn sei, ‘ik bin al grut’ en dus giet nijn mei nei it museum. Dat fynt nijn hartstikke moai. Nijntje sjocht skilderijen, in mobile en sels in stienen byld. ‘en letter oer in jier as wat as ik wat grutter bin dan tink ik dat ik keunstner wurd'” -
In ekstremist út Westergeast
In Westergeastmer dy’t fûl nasjonaal-sosjalist wurdt. En allike fûl Frysk nasjonalist. Dy’t alhiel yn de ban is fan it Oera Linda Boek. En ek fan hinnen. En boppedat, wol it meast bjusterbaarlik, fan wite wiven. Wat foar man wie
dat wol?Yn dizze biografy jout Oebele Vries in byld fan Jan Bartele Vries út Westergeast en fan de ûntjouwing fan syn tinken. It is de beskriuwing fan in tige fleurich en tagelyk djip tragysk man.
Oebele Vries is histoarikus. Hy is yn ’e fierte famylje fan Jan Bartele Vries en komt boppedat ek út Westergeast.