De midden en de beide einen

Steven Sterk

 20,00

    Dit boek is niet via onze winkelmand te bestellen. U kunt het bestellen door hieronder uw gegevens in te vullen. Wij nemen contact met u op!

    Yn fyftjin ferhalen sjocht Steven Sterk mei relativearjende humor werom op syn libbenspaad. De autobiografyske ferhalen hawwe in universele kearn. Wat leart in minske fan it libben? Wat docht men mei freugde en fertriet? “Ik bin net gelykmjittich,” seit de skriuwer. Hy tikket de aspekten fan syn libben oan mei hertstocht yn bytiden aventoerlike ferhalen.

    Steven Sterk tekenet ek in byld fan syn tiid. It plattelânsjonkje dat opgroeide sûnder tillevyzje, de jonge dy’t opgroeide yn en mei it idealisme fan de jierren tachtich en dêrnei in paad socht yn ekonomysk op- en delgeande tiden en ta syn eigen ferwûndering súkses boekte yn saken.

    De skriuwer leaut net yn it paradys; dêrom hat er syn eigen wrâld sa ynrjochte dat der himelske klanken yn galmje, al stige der soms ek helske dampen út op.

    Gerelateerde boeken

    • It smelle ûngelok

      It smelle ûngelok

      Harke Bremer, Jarich Hoekstra
    • Buorkje yn Fryslân

      Buorkje yn Fryslân

      In skets fan it boerelibben yn'e tweintichste ieu
      F. Kielstra, H. Kielstra
       19,90

      Buorkje yn Fryslân

      Dat de wrâld hieltyd feroaret is gjin nijs. Hoe hurd dy feroarings gean, wurdt dúdlik, as men de muoite nimt om achterom te sjen. Ek yn ‘e lânbou hat in revolúsje plakfûn. It “rêstige” boerelibben mei syn fêste gewoanten en tradysjes is nei de Twadde Wrâldoarloch omraak feroare.
      Dit boek oer de lânbou yn de tweintichste ieu is gjin wittenskiplik wurk, mar it ferhaal fan immen dy ‘t in grut part fan dy ieu buorke hat en bestjoersfunksjes hie yn ferskate boere-organisaasjes.

       19,90
    • Winterwetter

      Oan de ein fan de tweintichste iuw groeit Lex op yn in doarp yn de Trynwâlden. In sêfte, kreative jonge yn in kristlik gesin mei in Frânske heit en in Fryske mem. In iepen jonge, dy’t knoeid wurdt yn syn gefoelichheid en syn aaklike geheimen net diele kin.

      Winterwetter is in fiktive roman, basearre op wiere feiten. In ferhaal oer in jonge dy’t wrakselet mei wa’t hy wêze mei en wol. Mar ek in kultuerskiednis mei in pake dy’t elk bern wol ha wol.
      ‘Sa foarsichtich mooglik loek ik de plakrâne fan ’e slúf iepen. It skuorrende lûd like te galmjen troch myn skûlplak. Ik doarde amper te sykheljen en hope dat it iepenmeitsjen fan de slúf net mem har oandacht lûke soe; it lêste wat ik woe wie ‘oandacht’.’

      Lex Paleaux (1977) is in Haarlimske skriuwer fan Frysk komôf. Troch it skriuwen fan skripts foar ferskate tv-searjes, koarte films en teäter ûntwikkele er in orizjinele, fisuele skriuwstyl. Paleaux nimt de lêzer mei op syn reis troch it jonge libben fan de haadpersoan. Winterwetter is syn romandebút.

       19,90
    • Harry Potter en de stien fan e wizen

      As der in brief brocht wurdt foar de ûngelokkige Harry Potter, komt er achter in tsien jier âld geheim. Syn âlden wienen tsjoenders en waarden fermoarde troch de flok fan in Tsjustere Hear. Harry wie doe noch in poppe, mar hat it op ien of oare manier oerlibbe. Hy ferlit de freeslike Migels dy’t him grutbrocht hawwe, en giet nei Swiniastate, in tsjoendersskoalle mei spoeken en betsjoenings. Harry rekket fersyld yn in tsjuster aventoer as er in trijekoppige hûn fynt, dy’t de tredde ferdjipping fan ‘e skoalle bewekket. Dan heart er fan in ferburgen Stien, mei ferbjusterjende krêften, dy’t tige kostber of tige gefaarlik is.

       16,90