De oerpolder
€ 24,90
Hylke Speerstra socht om in ferlerne mienskip en fûn dy yn it Heidenskip fan de njoggentjinde ieu. Fan 2002 ôf hie er (fraach)petearen mei mear as twahûndert Heidenskipsters, âld-Heidenskipsters en oare belutsenen út de omlizzende doarpen en fiere omkriten. Hy djippe fergetten oantekeningen op, lies âlde deiboeken en notysjes, sneupte yn argiven fan ynstânsjes en famyljes, knope raffelige einen oan elkoar en folde de feiten oan mei fiksje. In noch te ferskinen twadde diel sil gean oer de yngripende feroaringen op it plattelân yn de tweintichste ieu.
‘Ferhalen dy’t woartelje yn ’e foarbije werklikheid, mar dy’t ta libben brocht binne troch it ynlibjend fermogen en it fertellerstalint fan de skriuwer, opskreaun yn de beste tradysje fan de ferhalende literatuer. Dit boek tilt op fan sênes dy’t men net licht ferjit.’ — Leeuwarder Courant
‘Zulke mooie verhalen van passie en noodlot, van onvermijdelijke doem en ondergang, van worstelende kleine mensen onder het grauwe zwerk, dat het soms is alsof je een van de oude Russen zit te lezen.’ — De Volkskrant
‘Hylke Speerstra’s De oerpolder is een bijzonder overtuigend, fraai boek.’ — NRC
Gerelateerde boeken
-
Harm van der Meer fertelt
€ 17,50It libben fan dirigint, muzykmaster en minskeman Harm van der Meer (Bantegea, 1940) spile him ôf tusken de skoallen, koaren en orkesten, tusken jonge en âlde minsken, yn doarp en stêd, en yn it iepen fjild. De minsken en de muzyk joegen him genôch stof om in tal ûnferjitlike ferhalen en anekdoates op te skriuwen, dy’t yn dizze bondel sammele binne.
Yn de wurden fan Hylke Speerstra: ‘Optredens mei Harm van der Meer as ynspirator op de bok hiene faak bysûndere mominten. Der kamen mominten dat de wurdearring it applaus foarby gie. Dan foel der yn in grutte katedraal allinne mar in stilte, kearde Harm him nei de tahearders, seach harren yn de wiete eagen en sei er: “Jim hawwe it begrepen.” Syn rispinge kin ryk neamd wurde. Gelokkich hat er dêr, yn beskiedenheid mar mei gefoel foar anekdotyk, in kostber dokumint oer skreaun. Dêryn blykt er ek noch in master-ferteller te wêzen.’
De sfearfolle swart-wytfoto’s fan Henny van den Berg meitsje it ferhaal kompleet: in portret fan in markante man mei in kleurryk libben. -
-





