De tredde perioade
€ 19,50
Rodion Zakirov makket nei in drege perioade yn syn libben in nije start. Syn gefaarlik oantreklike buorfrou Lara Fedorova fynt him sliepend tusken lege drankflessen en nimt him op sleeptou. Fan de metropoal Moskou ferhuzet er nei Norilsk, boppe de poalsirkel, yn it uterste noarden fan Sibearië. Dêr komt hy yn in kompleet oare wrâld telâne en rekket er fereale op de moaie stewardess Darya Orlova. Al gau docht bliken dat har soan Pavel mar ien ding wol: iishockeyer wurde. As dúdlik wurdt hoe grut syn talint is, set dat harren libben op syn kop.
Foar dizze aventoerlike iishockeyroman reizge Ferdinand de Jong nei de meast noardlike iishal fan de wrâld yn Dudinka. Oan de igge fan de machtige rivier de Jenisej ûnderfûn hy de waarmte en gastfrijheid fan de minsken yn de bittere Sibearyske kjeld. It resultaat fan dy reis is in ferhaal oer in kar meitsje en dêrfoar stean.
‘You miss 100% of the shots you don’t take.’ 99
Gerelateerde boeken
-
Winterwetter
€ 19,90Oan de ein fan de tweintichste iuw groeit Lex op yn in doarp yn de Trynwâlden. In sêfte, kreative jonge yn in kristlik gesin mei in Frânske heit en in Fryske mem. In iepen jonge, dy’t knoeid wurdt yn syn gefoelichheid en syn aaklike geheimen net diele kin.
Winterwetter is in fiktive roman, basearre op wiere feiten. In ferhaal oer in jonge dy’t wrakselet mei wa’t hy wêze mei en wol. Mar ek in kultuerskiednis mei in pake dy’t elk bern wol ha wol.
‘Sa foarsichtich mooglik loek ik de plakrâne fan ’e slúf iepen. It skuorrende lûd like te galmjen troch myn skûlplak. Ik doarde amper te sykheljen en hope dat it iepenmeitsjen fan de slúf net mem har oandacht lûke soe; it lêste wat ik woe wie ‘oandacht’.’Lex Paleaux (1977) is in Haarlimske skriuwer fan Frysk komôf. Troch it skriuwen fan skripts foar ferskate tv-searjes, koarte films en teäter ûntwikkele er in orizjinele, fisuele skriuwstyl. Paleaux nimt de lêzer mei op syn reis troch it jonge libben fan de haadpersoan. Winterwetter is syn romandebút.
-
Fersen foar Fokje
€ 12,50Yn de simmer fan 1881 krige de jonge Piter Jelles Troelstra ferkearing mei de boeredochter Fokje Frânses Pasma fan Westermar. Doe’t hy studint waard yn Grins, moast dit oer wêze neffens de famylje Troelstra.
Yn njoggentjin fersen fan Piter Jelles fynt men dêrfan de delslach. De fersen foar Fokje beskriuwe syn jongfeinte lok en lijen. ‘De leafde foel as simmerrein m’yn ’t hert,’ skriuwt er. De opgong, de twifel, de hope op better as de ferkearing in jier tusken heakjes set wurdt, de ferstille wanhoop en mankelikens komme allegear werom yn dizze syklus.
Bertus Mulder ( It Hearrenfean, 1949) studearre arbeidssosjology, wie dosint sosjale skiednis en promovearre yn 1991 oan de Ryksuniversiteit Grins. Hy is auteur fan de boeken De jonge Piter Jelles, Jaap Nieuwenhuize Onstuimig en onvervaard en de Nazi’s te slim af zijn.
-



