Fan libben en dea. Trije toanielstikken
€ 17,50
Fan libben en dea is in bondeling fan trije resinte toanielstikken fan Bouke Oldenhof mei in oerkoepeljend tema. Yn Feteranen (2015), foar dy nei dy (2016) en It wie op in simmerjûn (2019) stride minsken om in weardefol bestean, wylst de dea altyd by har yn de buert is.
De treffende tema’s, de lichte dialogen mei spitse humor en subtyl fertriet, en de brekberheid fan de personaazjes toane it masterskip fan Bouke Oldenhof, ien fan de belangrykste toanielskriuwers fan Fryslân.
Earder ferskynden de Nederlânsktalige bondel De Rijpen en de Frysktalige bondel Fan letter soarch.
Gerelateerde boeken
-
-
Op ús eigen wize
€ 22,50Minderheidstalen en -kultueren moatte it faak ôflizze tsjin de oerhearsking fan dominante kultueren. By de fersprieding fan it kristendom wie meast gjin omtinken foar lytse talen, kultueren en folken, foaral net yn de perioade fan it Westerske kolonialisme. Yn de lêste 50 jier hawwe Afrikaanske kristenen heftich protestearre tsjin de antropologyske earmoed dy’t dat harren oplevere hat.
Sy ûntdutsen yn it bibelboek Hannelingen fan de Apostels in folslein oare missionêre hâlding. Troch de analyze fan sân ferhalen besiket Hinne Wagenaar dy missionêre hâlding fierder op it spoar te kommen. Sa komt hy ta in teologyske basis foar tsjerke en spiritualiteit op in eigen wize. Net allinne foar Afrikaanske teology, mar likegoed om de kontoeren te jaan fan in Fryske teology.ds. Hinne Wagenaar (Nijemardum, 1962) hat studearre yn Grins en New York. Hy wie dûmny foar bûtenlânske studinten yn Nederlân (1990-1997), dosint systematyske teology yn Kumba, Kamerûn (1998-2002), dosint missiology yn Grins (2002-2005) en dûmny fan de Protestantske Gemeente te Wurdum en omkriten (2002-2012). Sûnt 2012 is hy as pionier-predikant ferbûn oan it pioniersplak Nijkleaster en de gemeente Westerwert te Jorwert.
-




