Mienskiplike dealer
€ 19,90
Hy rint nei ien fan de kasten dêr’t ark yn leit, lûkt him wat nei foaren en docht op gefoel in taast achter de kast. En noch in kear. En nochris… Dan krijt er syn mobyl, docht it ljochtsje oan en skynt achter de kast. Hy wurdt sa wyt as kryt…
Op it poadium fan teater it Posthuis hinget it lichem fan teatertechnikus Fokke Klingberg. As in wike nei syn kremaasje skoansuster Hanna Klingberg ferdwynt, blykt der in ferbân. Resjersjeur Annet Hillema en har team moatte mei help fan priveedetective Paul Graafsma alle seilen bysette om beide saken op te lossen. Se bedarje yn in wrâld fan drugs en ôfparsing.
Mienskiplike dealer is de twadde yn in searje plysjeromans yn en om It Hearrenfean.
Gerelateerde boeken
-
De Nova Scotia staazje
‘Ik hie noch nea sa fier fuort west. Op reis nei Kanada foar trije moannen staazje op in buorkerij yn Nova Scotia. Oaren út myn klasse bleaunen yn Nederlân, of kamen de provinsjegrins net iens oer. Mar ik woe oer de grutte plasse.’
Dit ferhaal beskriuwt de ûnderfiningen fan in jonge dy’t op in Kanadeeske boerepleats telâne komt dêr’t de sfear him benearet. Yn in waarme Kanadeeske simmer besiket er him yn in fijannige sfear steande te hâlden en siket er in útwei. Noch hieltyd dreamt Freark Fritsma oer de doar fan in sel yn in finzenis dy’t mei in klap efter him ticht batste.Dit is de fiifde roman fan Ferdinand de Jong.
-
-
-