Oerbleaune Rimen en Teltsjes
€ 22,90
De Rimen en Teltsjes hearre ta de klassiken fan de Fryske literatuer. It is it sammelwurk fan de bruorren Eeltsje, Tsjalling en Joast Halbertsma, dat mear as oardel iuw lyn foar it earst útkaam. It waard faak werprinte en ek oanfolle, mar dochs binne net alle literêre dichten en stikken fan de bruorren útjûn.
Undersyk fan Philippus Breuker nei harren teksten levere sa’n sechstich ûnbekende stikken op. It giet benammen om teksten fan Eeltsje en Tsjalling, dy’t skreaun binne tusken 1812 en 1857. Yn Oerbleaune Rimen en Teltsjes komme dy nije stikken oan it ljocht, foarsjoen fan ynliedende skôgingen en taljochtingen oan de hân fan brieven fan en oan de bruorren Halbertsma en har bern. Sa is mei dizze útjefte dan einlik it literêre wurk fan de grûnlizzers fan de Frysktalige literatuer kompleet beskikber.
Philippus Breuker (1939) publisearret oer skiednis, taal en literatuer fan Fryslân. Earder ferskynde fan syn hân Eelko Alta (1723-1798), De keunst as útwei en Fryslân yn de Gouden Iuw.
Gerelateerde boeken
-
It Guozzeroer
€ 15,00Bavius Bouma, in âld frijfeint yn Akkrum, fertelt oan syn besiker, in sjoernalist en hertstochtlik fisker, wat er yn de oarloch meimakke hat. Oanlieding ta syn relaas is de fynst fan in Dútske motorfyts mei sydspan yn it wetter yn de Heafeart nei De Deelen. Mei in pear maten hat Bavius yn de lêste oarlochsjierren yn dat ûnlân ûnderdûkt sitten. Krekt foar de befrijing hat him dêr in singelier drama ôfspile, dat noait bekend wurden is. It guozzeroer, in antyk stik sjitark mei de útwurking fan in kanon, spilet in belangrike rol yn dizze oangripende en sober fertelde roman. Ek giet It Guozzeroer oer de leafde fan Bavius foar in Russyske faam, twangarbeidster yn Normandië.
It Guozzeroer is in werútjefte fan de lêste roman fan Rink van der Velde (1932-2001).
-
Wei, mar net fergetten
€ 24,90Tusken 2011 en 2020 betocht Cor Waringa sneintemoarns op Omrop Fryslân it libben fan Friezen dy’t yn dy tiid weirekken. It wiene trochstrings gjin ferneamde lju, mar gewoane minsken. Mar withoefaak die bliken hoe ûngewoan oft it libben fan sokke manlju en froulju bytiden ferrûn. Yn de 139 miniatuerkes dy’t yn dit boek opnommen binne folget de skriuwer har op har wei troch it libben en krijt de lêzer tagelyk in byld foar eagen fan de maatskippij dy’t mei de tiid feroare. Foar de brijkarre kaam de supermerk yn it plak en der kaam in tiid dat in arbeidersjonge trochleare koe foar dominy of dokter. Guon giene mei har tiid mei en oaren holden fêst oan it âlde. Wêr kamen se úteinlik telâne troch har mismoedigens, har eigenwizens, har tefredenheid, har beheinings of har sucht nei aventoer? En as de ein yn sicht kaam, hoe giene se dêrmei om?
Cor Waringa (1944) groeide op yn Aldeboarn, studearre yn Amsterdam skiekunde en yn Kampen teology en wie dominy yn Drylts, Ljouwert en op ’e Jouwer.
-
Beafeart
€ 16,90In Fryske sjoernalist ûndernimt in beafeart nei Saint-Martin. Yn de oarlochsjierren hat er, as finzene fan de Dútskers, yn it konsintraasjekamp fan Troyes sitten. Mei help fan de Maquis, de Frânske ûndergrûnske, koe er flechtsje. Heal as ûnderdûker, heal as partisaan hat er de lêste moannen foar de befrijing tahâlden op it lytse boerespultsje Ferme la Vacherie op it Frânske plattelân.
Dêr hat er kunde krigen oan Krysta, de jongfaam dêr’t er mear fan hâlden hat as fan de Fryske frou dêr’t er letter mei troud is. Mar it is net allinne om Krysta – yntusken ek al lang troud – nochris wer te moetsjen dat er krapoan tweintich jier letter syn beafeart oangiet. It is foaral ek om ferantwurding ôf te lizzen oer neambere en ûnneambere skuld dêr’t er sûnt dy tiid altyd mei ompakt hat.
Beafeart nei Saint-Martin is in werútjefte fan de tredde Fryske roman fan Rink van der Velde (1932-2001).
-
De Goargels
€ 17,99Midden yn ’e nacht wurdt Melle wekker. Der sit in frjemd wêzentsje op de râne fan syn bêd. It liket wol in boltsje wol, mei earmkes en skonkjes en twa hierrige, puntige earen. Mar as Melle it ljocht oandocht, is it wêzentsje fuort.
As er der op skoalle oer fertelt laitsje se him allegear út. Sels heit, dy’t biolooch is, seit dat it ûnsin is, dat sokke wêzentsjes net bestean. Mar Melle wit seker wat er sjoen hat …
No ek yn it Frysk, dit fantasyrike en spannende aventoer oer Goargels, Brutelers en in jonge mei supereagen, fan Jochem Myjer. Yllustrearre troch Rick de Haas, bekend fan Mees Kees.
De Goargels heart by de bêst ferkeapjende berneboeken fan it lân.





