Om my hinne
€ 15,00
Troch de tolve ferhalen yn dit boek rint in trie fan goed mei elkoar kinne. Om my hinne fertelt oer freonskippen dy’t soms koart binne, hechter wurde of just ferkomme. De teltsjes sizze wat oer it libben fan de auteur, mar tippe ek de kultuer yn Fryslân en de wrâld dêrbûten oan. Somtiden anekdoatysk; soms giet it mâl en soms docht it sear.
Steven Sterk is keapman yn boeken. Yn 2004 ferskynde syn roman Regaad yn ’e himel en yn 2012 de ferhalebondel De midden en de beide einen.
Gerelateerde boeken
-
-
-
Spegel en sonde
€ 22,90As toskedoktersassistinte Doutsen (echtgenoate, mem en minneres) in nije baas krijt, giet der ynienen in soad mis. Om’t se it iene nei it oare ferjit, minsken net mear werkent en regelmjittich it paad bjuster is, rekket se yn panyk. Se driget de kontrôle oer har libben te ferliezen en lit it yn har omgean har eardere berop fan byldzjend keunstner wer op te krijen. As Anniek, har suster dy’t se tsientallen jierren net troffen hat, kontakt opnimt, komt alles yn in streamfersnelling en komme dingen oan it ljocht dy’t Doutsen har hiele libben ferswijd hat. Wat is der eins bard yn it ferline?
Op meinimmende wize fertelt Jetske Bilker dit oangripende, en bytiden humoristyske, ferhaal oer geheugen, de eangst foar alzheimer en famyljebannen.
Fan Jetske Bilker (1960) ferskynde earder de roman It libben fan in oar, dy’t nominearre waard foar de Gysbert Japicxpriis.
-





