Om my hinne
€ 15,00
Troch de tolve ferhalen yn dit boek rint in trie fan goed mei elkoar kinne. Om my hinne fertelt oer freonskippen dy’t soms koart binne, hechter wurde of just ferkomme. De teltsjes sizze wat oer it libben fan de auteur, mar tippe ek de kultuer yn Fryslân en de wrâld dêrbûten oan. Somtiden anekdoatysk; soms giet it mâl en soms docht it sear.
Steven Sterk is keapman yn boeken. Yn 2004 ferskynde syn roman Regaad yn ’e himel en yn 2012 de ferhalebondel De midden en de beide einen.
Gerelateerde boeken
-
De keunst as útwei
€ 27,90Wat makke dat Simke Kloosterman keas foar in bestean as skriuwster, en dan ek noch yn it Frysk? Wat feroarsake de mankelike toan, dy’t ek yn it wurk fan har heit Jan Ritskes werom te finen is? En hokker rol spile har ferloving en lettere freonskip mei Douwe Kalma? Philippus Breuker besiket yn dizze biografy har langsten en lotgefallen yn libben en wurk te ûntriedseljen.
Simke hat mei har keunst in útwei út de ellinde fan har jonge jierren fûn, mar sykte en twivel oan de wearde fan dy keunst hawwe har letter it betreklike fan har stribjen fiele litten. Dochs is de Fryske literatuer net sûnder har te tinken. Mannich boek fan har hat noch altyd syn leafhawwers.Philippus Breuker (1939) publisearret oer skiednis, taal en literatuer fan Fryslân. Earder ferskynde fan syn hân De Gouden Iuw yn Boazum en Fryslân yn de Gouden Iuw.
-





