Útsicht
€ 23,50
Útsicht, in gedichte- en ferhalebondel ynklusyf CD en foto’s.
In bondel yn wurd, muzyk en byld, oer it Fryske lân, de
minsken, de taal en kultuer, oer alledeiske en net-alledeiske
saken.
Yn Útsicht binne de teksten en gedichten fan Aggie van der
Meer liedend. In soad fan dizze teksten, lykas ‘Wachtsje’,
‘It lân fan no’ en ‘Ôfskie’ binne troch Hoite Pruiksma ta
komposysje makke, yn ferskillende muzikale settings, en
op CD set. Taheakke binne foto’s fan Foppe Schut; bylden
fan wiidsheid en romte fan it Fryske lân.
Útsicht, een gedichten- en verhalenbundel inclusief cd en
foto’s. Een bundel in woord, muziek en beeld, over het Friese
land, de mensen, de taal en cultuur, over alledaagse en niet-alledaagse
zaken.
In Útsicht zijn de teksten en gedichten van Aggie van der
Meer leidend. Veel van deze teksten, zoals ‘Wachtsje’, ‘It lan
fan no’ en ‘Ôfskie’ zijn door Hoite Pruiksma tot compositie
gemaakt, in verschillende muzikale zettingen, en op cd
gezet. Toegevoegd zijn foto’s van Foppe Schut; beelden
van weidsheid en ruimte van het Friese land.
Útsicht, a collection of stories and poems accompanied by
a CD and photographs. A collection of words, music and
images about the Frisian country, people, language and
culture, about everyday and unusual things.
The core of Útsicht are the stories and poems of Aggie van
der Meer. Many of these texts, including ‘Wachtsje’, ‘It lân fan
no’ and ‘Ôfskie’ have been set to music, arranged by Hoite
Pruiksma, using a diverse mix of instruments and put on the
- Photographs made by Foppe Schut complete the
package with images of the width and breadth of the Frisian
countryside.
Gerelateerde boeken
-
Hierbak
€ 17,50Sjerp Bak docht foar in regionale krante al tweintich jier ferslach fan de Ljouwerter gemeentepolityk. Gjin sjoernalistyk swiergewicht miskien, wol in betrouber ferslachjouwer. Privee liedt fyftiger Bak it wat grizige bestean fan in frijfeint op jierren. Nei’t syn libben yn ‘Bak’ op de kop set waard troch twa ûngelokkige stjergefallen, komt er yn ‘Hierbak’ foar in ûnmooglike kar te stean: sels dea of in pear lytse kriminelen út ‘e wei romje. Dêr’t Sjerp wekker leit fan it hiermoardnerskip, dreamt deputearre Kerst Sorgdrager fan de ferdûbeling fan de dyk Ljouwert-Boalsert. It is lykwols de fraach oft de baten tsjin de lêsten opweage, en dat net allinne foar de mienskip.
Mei ‘Hierbak’ bewiist Sietse de Vries opnij dat er net allinne in spannend boek skriuwe kin, mar ek in skerp each hat foar de tragykomyske kant fan it libben fan gewoane minsken dy’t har bêst dogge om der wat fan te meitsjen.
[Quote]
‘Bak is in moaie miks fan in psychologyske misdiedroman, wêrby’t de motiven socht wurde moatte yn it persoanlike flak, en in sosjale misdiedroman, dy’t mear preökkupearre is mei maatskiplike korrupsje en organisearre misdied.’ (Sjoerd Bottema yn de Moanne oer Bak) -




