
Gerelateerde boeken
-
De Goargels
Midden yn ’e nacht wurdt Melle wekker. Der sit in frjemd wêzentsje op de râne fan syn bêd. It liket wol in boltsje wol, mei earmkes en skonkjes en twa hierrige, puntige earen. Mar as Melle it ljocht oandocht, is it wêzentsje fuort.
As er der op skoalle oer fertelt laitsje se him allegear út. Sels heit, dy’t biolooch is, seit dat it ûnsin is, dat sokke wêzentsjes net bestean. Mar Melle wit seker wat er sjoen hat …
No ek yn it Frysk, dit fantasyrike en spannende aventoer oer Goargels, Brutelers en in jonge mei supereagen, fan Jochem Myjer. Yllustrearre troch Rick de Haas, bekend fan Mees Kees.
De Goargels heart by de bêst ferkeapjende berneboeken fan it lân.
-
Wei, mar net fergetten
Tusken 2011 en 2020 betocht Cor Waringa sneintemoarns op Omrop Fryslân it libben fan Friezen dy’t yn dy tiid weirekken. It wiene trochstrings gjin ferneamde lju, mar gewoane minsken. Mar withoefaak die bliken hoe ûngewoan oft it libben fan sokke manlju en froulju bytiden ferrûn. Yn de 139 miniatuerkes dy’t yn dit boek opnommen binne folget de skriuwer har op har wei troch it libben en krijt de lêzer tagelyk in byld foar eagen fan de maatskippij dy’t mei de tiid feroare. Foar de brijkarre kaam de supermerk yn it plak en der kaam in tiid dat in arbeidersjonge trochleare koe foar dominy of dokter. Guon giene mei har tiid mei en oaren holden fêst oan it âlde. Wêr kamen se úteinlik telâne troch har mismoedigens, har eigenwizens, har tefredenheid, har beheinings of har sucht nei aventoer? En as de ein yn sicht kaam, hoe giene se dêrmei om?
Cor Waringa (1944) groeide op yn Aldeboarn, studearre yn Amsterdam skiekunde en yn Kampen teology en wie dominy yn Drylts, Ljouwert en op ’e Jouwer.
-
Monuminteman
As Fryslân fan de iene dei op de oare selsstannich wurdt, krijt de haadpersoan fan dit boek in wichtige taak. Hy wurdt de monuminteman.
Hy moat foar it regear in plan meitsje foar stânbylden fan Fryske helden en sa in passende skiednis betinke foar it nije lân.
Mar wa is it wurdich om in byld fan te meitsjen? En wêrom?Monuminteman is it romandebút fan toanielskriuwer Bouke Oldenhof. It is in humoristyske fantasij, in spannend en in oangripend ferhaal oer identiteit en fergonklikheid yn ien.
-