De Fryske Utopy
€ 15,00
Hoe sjocht Fryslân yn 2030 derút? Hoe moat dit hoekje wrâld idealiter derút sjen? Alve minsken mei in dúdlike (utopyske) fyzje, sprekke har dêroer út yn dizze bondel. Dy bydragen geane oer allegear tema’s, fan it Fryske erfgoed oant Fryslân frij fan gif.
Wat harren bynt is belutsenens by minsken, by it lânskip, by it wurk. Wat harren ek bynt is langstme. Net romantysk of sentimenteel, mar in realistysk langstme. De bydragen leverje in konkrete wurklist op foar it goede libben yn Fryslân. En wat foar Fryslân jildt, jildt eins foar de hiele wrâld.
Gerelateerde boeken
-
Wei, mar net fergetten
€ 24,90Tusken 2011 en 2020 betocht Cor Waringa sneintemoarns op Omrop Fryslân it libben fan Friezen dy’t yn dy tiid weirekken. It wiene trochstrings gjin ferneamde lju, mar gewoane minsken. Mar withoefaak die bliken hoe ûngewoan oft it libben fan sokke manlju en froulju bytiden ferrûn. Yn de 139 miniatuerkes dy’t yn dit boek opnommen binne folget de skriuwer har op har wei troch it libben en krijt de lêzer tagelyk in byld foar eagen fan de maatskippij dy’t mei de tiid feroare. Foar de brijkarre kaam de supermerk yn it plak en der kaam in tiid dat in arbeidersjonge trochleare koe foar dominy of dokter. Guon giene mei har tiid mei en oaren holden fêst oan it âlde. Wêr kamen se úteinlik telâne troch har mismoedigens, har eigenwizens, har tefredenheid, har beheinings of har sucht nei aventoer? En as de ein yn sicht kaam, hoe giene se dêrmei om?
Cor Waringa (1944) groeide op yn Aldeboarn, studearre yn Amsterdam skiekunde en yn Kampen teology en wie dominy yn Drylts, Ljouwert en op ’e Jouwer.
-
Winterwetter
€ 19,90Oan de ein fan de tweintichste iuw groeit Lex op yn in doarp yn de Trynwâlden. In sêfte, kreative jonge yn in kristlik gesin mei in Frânske heit en in Fryske mem. In iepen jonge, dy’t knoeid wurdt yn syn gefoelichheid en syn aaklike geheimen net diele kin.
Winterwetter is in fiktive roman, basearre op wiere feiten. In ferhaal oer in jonge dy’t wrakselet mei wa’t hy wêze mei en wol. Mar ek in kultuerskiednis mei in pake dy’t elk bern wol ha wol.
‘Sa foarsichtich mooglik loek ik de plakrâne fan ’e slúf iepen. It skuorrende lûd like te galmjen troch myn skûlplak. Ik doarde amper te sykheljen en hope dat it iepenmeitsjen fan de slúf net mem har oandacht lûke soe; it lêste wat ik woe wie ‘oandacht’.’Lex Paleaux (1977) is in Haarlimske skriuwer fan Frysk komôf. Troch it skriuwen fan skripts foar ferskate tv-searjes, koarte films en teäter ûntwikkele er in orizjinele, fisuele skriuwstyl. Paleaux nimt de lêzer mei op syn reis troch it jonge libben fan de haadpersoan. Winterwetter is syn romandebút.
-
Harry Potter en de stien fan e wizen
€ 16,90As der in brief brocht wurdt foar de ûngelokkige Harry Potter, komt er achter in tsien jier âld geheim. Syn âlden wienen tsjoenders en waarden fermoarde troch de flok fan in Tsjustere Hear. Harry wie doe noch in poppe, mar hat it op ien of oare manier oerlibbe. Hy ferlit de freeslike Migels dy’t him grutbrocht hawwe, en giet nei Swiniastate, in tsjoendersskoalle mei spoeken en betsjoenings. Harry rekket fersyld yn in tsjuster aventoer as er in trijekoppige hûn fynt, dy’t de tredde ferdjipping fan ‘e skoalle bewekket. Dan heart er fan in ferburgen Stien, mei ferbjusterjende krêften, dy’t tige kostber of tige gefaarlik is.
-
De museummoard
€ 22,90Krekt as Paolo Lione fierder sil mei syn ynlieding, klinkt der in hurde gjalp troch de seal. ‘Sjoch dan! Dêr!’
De iepening fan de tentoanstelling troch de wrâldferneamde Italjaanske keunstner Paolo Lione wurdt wreed fersteurd as der in lyk yn in bêd fan roazebledsjes yn de Prinsewyk ûnder it Hearrenfeanster museum driuwt. It blykt in slim tatakele frou te wêzen.
Resjersjeur Annet Hillema en har partner Marcel Pronk begjinne in ûndersyk. Annet ropt de help yn fan har eks-kollega, priveedetective Paul Graafsma. Dy bedarret yn de wrâld fan de Italjaanske maffia. Neat is wat it liket, sa docht bliken.




