De midden en de beide einen
€ 20,00
Yn fyftjin ferhalen sjocht Steven Sterk mei relativearjende humor werom op syn libbenspaad. De autobiografyske ferhalen hawwe in universele kearn. Wat leart in minske fan it libben? Wat docht men mei freugde en fertriet? “Ik bin net gelykmjittich,” seit de skriuwer. Hy tikket de aspekten fan syn libben oan mei hertstocht yn bytiden aventoerlike ferhalen.
Steven Sterk tekenet ek in byld fan syn tiid. It plattelânsjonkje dat opgroeide sûnder tillevyzje, de jonge dy’t opgroeide yn en mei it idealisme fan de jierren tachtich en dêrnei in paad socht yn ekonomysk op- en delgeande tiden en ta syn eigen ferwûndering súkses boekte yn saken.
De skriuwer leaut net yn it paradys; dêrom hat er syn eigen wrâld sa ynrjochte dat der himelske klanken yn galmje, al stige der soms ek helske dampen út op.
Gerelateerde boeken
-
De Jorwerter dweilstikken
€ 15,00De Jorwerter Dweilstikken befettet in seleksje fan de humoristyske, ûntroerende en soms sterke ferhalen dy’t mei fjoer ferteld wurde – kear op kear – oan de stamtafel fan it kafee yn Jorwert. In earbetoan oan it doarp mei syn kleurrike ynwenners: ambachtslju, boeren, middenstanners, dûmnys en notarissen.
Douwe Klaas de Bildt (1952, Boalsert)tekene fan 2007 ôf dy kroechferhalen op ûnder de titel ‘Dweilstikken’ foar de Jorwerter doarpskrante De Hiele Toer.
Geert Mak yn syn Nawoord: ‘Douwe de Bildt heeft met zijn ‘Dweilstikken’ iets heel bijzonders gedaan.’




