De midden en de beide einen
€ 20,00
Yn fyftjin ferhalen sjocht Steven Sterk mei relativearjende humor werom op syn libbenspaad. De autobiografyske ferhalen hawwe in universele kearn. Wat leart in minske fan it libben? Wat docht men mei freugde en fertriet? “Ik bin net gelykmjittich,” seit de skriuwer. Hy tikket de aspekten fan syn libben oan mei hertstocht yn bytiden aventoerlike ferhalen.
Steven Sterk tekenet ek in byld fan syn tiid. It plattelânsjonkje dat opgroeide sûnder tillevyzje, de jonge dy’t opgroeide yn en mei it idealisme fan de jierren tachtich en dêrnei in paad socht yn ekonomysk op- en delgeande tiden en ta syn eigen ferwûndering súkses boekte yn saken.
De skriuwer leaut net yn it paradys; dêrom hat er syn eigen wrâld sa ynrjochte dat der himelske klanken yn galmje, al stige der soms ek helske dampen út op.
Gerelateerde boeken
-
-
Bartele Bûse
€ 15,00Bartele Bûse is in jonkje mei in protte fantasy. Yn alles wat er sjocht, sjocht en heart er in ferhaaltsje. Thús begripe se dat net sa goed. Mar Skelte wol. Skelte is keunstskilder. Bartele komt faak by him oer de flier. De prachtichste ferhalen skildert Skelte him foar: oer kening Klomsk fan Kjeldmanië, dy’t altyd sa kâld as in kikkert is; oer de piperwynske prippunêze, dy’t elkenien mar stekke wol; oer Stookstokke Styntsje en de krintekakkers fan Knyphuzen. Mar ek fan de fiif rôvers op Fiifrôvershoek wol Bartele alles witte. Hy harket mei sân pear earen …
Bartele Bûse is in klassiker yn de Fryske jeugdliteratuer. It is skreaun troch Berber van der Geest (1938-2019).
-
De Gouden iuw yn Boazum
€ 19,90Yn de gouden Iuw yn Boazum beskriuwt Philippus Breuker de libbens fan alle húshâldingen dy’t fjouwerhûndert jier lyn mei elkoar yn ien doarp wennen. It giet oer gewoane minsken yn in karakteristyk Frysk doarp wennen. Guon wienen der berne, lykas har âlden, en soms wennen har bern der ek wer. Oaren kamen út de omkriten en in inkeling hie der gjin famylje. Sa omfiemet dizze doarpsmienskip yn 1640 twa iuwen, fan 1500 oant 1700.
Fan de 87 húshâldingen wienen in protte famylje fan elkoar, foaral yn de Buorren, wat makke dat sy it dêr foar it sizzen hienen, al wienen de boeren altyd noch machtiger. De measten waarden stadichoan reformearre, mar guon holden ek fêst oan it âlde leauwe. Dat joech spanningen dy’t net sûnder oerheidsyngripen oplost wurde koenen. De measte minsken hienen it net roem, mar nei 1650 kaam der in tiid fan oerbefolking en bittere earmoede.
Philippus Breuker (1939) wennet al mear as fyftich jier yn Boazum. Dit is syn fjirde boek oer it doarp. Dêrneist hat er skreaun oer literatuer, skiednis en lânskip fan Fryslân.




